Algemeen

Paul Fluttert riedslid FNP Súdwest-Fryslân

Hieslum - Fanwege de foardracht fan Gerben Gerbrandy as boargemaster fan de gemeente Achtkarspelen ûntstiet der 1 jannewaris in fakatuere yn de 6 persoans fraksje fan FNP Súdwest-Fryslân. Paul Fluttert fan Hieslum stiet as earste opfolger op de FNP kandidatelist, is ree om yn de ried plak te nimmen en sil sa it no stiet yn jannewaris offisjeel ynstalearre wurde. Sicco Rypma fan Blauhûs wurdt fraksjefoarsitter, Klaas Visser fan Snits twadde foarsitter. Fluttert nimt it plak fan Gerbrandy oer yn de kommisje Doarp, Stêd en Omkriten.

Afbeelding
Paul Fluttert: ‘Ik bin lid fan de FNP foar alles wat Fryslân weardefol makket. Hjir is de lucht noch suver, de minsken binne best, we hawwe in prachtige folweardige eigen taal, moaie stêden, fraaie lânskippen, ieuwen âlde kultuer en moaie tradysjes’. Paul Fluttert (59) is berne yn Ambt - Delden (Oerisel), wennet sûnt 2005 yn Hieslum en is al frij gau, as net Fries, lid wurden fan de FNP. Nei syn stúdzje sosjology yn Grins wurke Paul yn Den Haach as marine-offisier en letter as boarger by de direksje persoaniel fan de Keninklike Marine. Fluttert studearre yn de jierren ‘80 keunstskiednis en waard yn 1992 museumdirekteur yn Rotterdam. Yn 1998 rjochte hy syn bedriuw Kunst-Apart op, om sa lêzingen en kursussen te jaan.

Flutter hat in heldere fisy: ‘Yn dizze tiid fan sichtbere en ferburgen krisis wol ik as riedslid ferantwurdlikens nimme foar it stjoeren fan en tasjen op de taken fan de gemeente en meihelpe om de soargen fan de nije gemeente op te lossen. It roer moat om omdat der tefolle grinsleas fertroud is op groei. Mar dat mei nea te koste gean fan de boarger’.

‘Ik stean foar in betroubere oerheid dy’t syn jild goed besteedt. We moatte de folgjende generaasje net koartsje op wat by in ferantwurde opfieding heart, troch bygelyks op NUON - jild sitten te gean wylst biblioteken en swimbaden mei sluting bedrige wurde. We moatte no in goed haadstik yn de skiednis skriuwe, hoe koarter de krisis hoe minder kâns op it ferlies fan alles wat Fryslân weardefol makket’.

Afbeelding