Herro Uringa en het wij-gevoel van Kunststof Kozijnen Fabriek Heerenveen
Herro Uringa is de eigenaar van de succesvolle onderneming en wij gingen op bezoek om dat we benieuwd zijn naar de mens achter KKFH, met andere woorden, wie denkt Herro Uringa wel niet dat hij is?

“Ik tink net sa grut fan mysels, dat falt wol mei. En dat is ek it karakter fan wa’t wy binne en dogge. In ynformeel bedriuw. Ik sit sawat in libben lang yn ’e kezinen wêrby’t op’t lêst yn in betelle funksje by in grut bedriuw yn Fryslân. Dy woene grut tinke, wêr’t ik sei dat de takomst yn in lytsere merke lei, by de pleatslike oannimmers en de partikulieren. Sa bin ik yn de krisistiid fan 2011 foar mysels begûn. Leverje oan de lytse oannimmers dy’t maksimaal tsien wenningen yn’t jier bouwe, mar dy’t witte foar wa’t se bouwe. Dy’t tsjin de opdrachtjouwers sizze: ‘Jo moatte by de kunststofkezinefabryk even in ôfspraak meitsje om oer de kleur, foarm, etcetera, etcetera te praten. Nochris wij binne in ynformeel bedriuw, bist hjir gjin nûmer. Minsken, dy’t hjir wurkje, hawwe in namme, in karakter en al dy karakters mei elkoar meitsje úteinlik wa’t wij binne.”
Geen kapsones
Duidelijk! Herro Uringa is geen man met kapsones, weet waar hij vandaan komt en gebruikt gedurende het gesprek vele malen het woordje ‘wij’. Kind van een Rotterdamse moeder en Drentse vader, oudere broer van een acht jaar jonger zusje. Geboren in 1974, in het ziekenhuis in Sneek. Herro brengt zijn basisschooltijd door in Woudsend. Door het werk van vader woont Herro van z’n 13de tot z’n 21ste in Nijkerk. Gaat daar naar de havo en de mts, elektrotechniek, om in 1995 weer naar Friesland terug te keren, naar Heerenveen.
“Yn Nijkerk hie ik wurk by in meetkundich buro op de technise tsjinst. Doe’t ik yn Fryslân werom kaam, krige ik wurk by De Vries kezinen op ’e Gerdyk. Ik hie gjin ferstân fan kezinen, mar dat wie gjin probleem en ik kaam by de ferkeap binnentsjinst. It fak hawwe se my der wol leard, ik bin ûnder oan ’e trep begûn en úteinlik yn 2011 ôfswaaid as manager interne organisaasje”, vertelt Herro.
Voor een buitenstaander is het misschien opvallend dat Herro voor zich zelf begint in een periode dat het op z’n zachtst gezet moeilijk is in de bouwwereld. Waarom toen toch de stap genomen?
Op het juiste moment ingestapt
“Dy perioade like negatyf, mar it wie foar my posityf. En wêrom? It wie in ûndernimmerslânskip. Want asto by leveransiers kaamst, hiene dy allegear in weromloop fan de omset en dêr komt ynienen in nije starter. Dêr wiene se yn yntresearre en de útgongspunten wiene makliker. Wie it foar de krisis noch sa, datsto foar in minimum bestelle moast, no koesto franko gewoan bestelle watst noadich hiest. Se woene dy graach as klant ha. Dat begûn al mei de húsfesting, oan de Icarus 9 op it Hearenfean, dat foar ús te grut wie. Mar de eigner woe ús der graach ynhawwe en we koene in part krije wêr’t we in ynstaphier foar betellen en de garânsje dat we de rest ek bijhiere koene. Sa koene we los fanút in basis. Dy ‘we’ wiene in kompanjon en ik, wêrfan’t we yn 2015 ôfskied nommen ha, troch ferskil fan ynsjoch. Dat lei oan ús beide. We hiene ien man yn tsjinst en no fjouwer jier letter binne dat der 24 wurden, it is in serieuze ûndernimming, dy’t net stilsit”, weet Herro nog maar al te goed.
Zorg voor het personeel
Herro Uringa beseft donders goed dat zijn positie ook veranderd is. Als voorbeeld noemt hij de eigen kamer die hij nu in het nieuwe pand heeft. “Ik haw 24 skiepkes wêr’t ik foar soargje moat, dy’t allegear har eigen privéfragen en opmerkingen ha, oer lean oan’t frije dagen, fan sykte en fertriet en alles wat der bij heart. Fandêr ek in aparte romte foar mysels. Myn rol feroaret, ik moat mear deligeare en dingen loslitte. Dat fyn ik echt wol un learproses. Ik ha wol leard, datsto altyd wer dwaande wêze moast mei de dei fan moarn, in stap foarút tinke moatst en derbij realiseare en respekteare dat de minsken om dij hinne oan dy stap wenne moatte. Meinnimme yn it proses”, beseft de ondernemer die op de achtergrond regelmatig gecoacht wordt door iemand die niet alleen financieel inzicht maar ook een stukje coachschap heeft. Uringa is ook nooit negatief geweest over zijn leidinggevenden omdat hij altijd een lerende houding aannam.
Succesvolle onderneming
Dat het bedrijf van Herro Uringa en zijn medewerkers succesvol is, dat is een open (kunststof-)deur in trappen. Uringa, heit van vier kinderen en gelukkig getrouwd met Yvette, een vrouw die in alle opzichten volledig achter de ondernemer staat, heeft wel een verklaring voor het succes.
“Sa’k al fertelde seach ik yn’e krisistiid al, dat der in merk foar in bedriuw as úzes wie. Aldere minsken wolle wenje bliuwe dêr’t se wenje, mar dan moatte se fan it ûnderhâld ôf, hielendal at it oer de boppeferdjipping giet. De jeugd, de startende minsken, dy ha der überhaupt noch net oer neitocht om in dei frij te nimmen om yts oan ûnderhâld te dwaan. Dat bestede se út, jild genôch mei twa ynkommens en de nije generaasje is wiis mei kunststof kezinen. Op nijboulokaasjes is 90 % kunststof, acht jier lyn wie dat krekt oarsom. En at jo datgene dogge wat ôfpraten is, dan ropt dat fier, dat ferklearret foar in part it súkses.”
Na ons gesprek leidt Herro ons rond in de productiehal en vertelt met trots over het bedrijf. Uiteraard weer in de wij-vorm!
















