Algemeen

Fryske Kultuerpriis De Fryske Marren 2019 foar nijjiersrevu De Jouwer

De sjuery foar dizze priis bestiet út Hindrik Boonstra fan Sint Nyk, Baukje Meetsma fan De Lemmer en Anne Herrema fan Balk. De sjuery hat de nijjiersrevu selektearre út 6 foardrachten.

Afbeelding
DE JOUWER - Wethâlder Luciënne rikke op de nijjiersgearkomst fan de gemeente de Fryske Kultuerpriis út oan it bestjoer fan nijjiersrevu De Jouwer. Bestjoersleden Durk Brouwer en Vivian Holtrop-Brattinga namen de priis fan € 750,- yn ûntfangst.

Sjueryrapport

De sjuery oer de winners: “al 33 jier set dizze stifting alle jierren in kompleet Frysk stik op de planken. Ek begjin 2020 komme se wer mei wat nijs. Mei muzyk, toaniel, humor, dûns… en boppedat allegear sels skreaun! Yn har soart is dit ien fan de twa âldsten fan Fryslân: in stabile faktor yn ús lokale Fryske kultuer. De Jouwer is in grut plak, it is in keunst om der bining yn te hâlden. Dizze stifting docht dat”.

Prachtige mienskipsgearwurking

Meardere ynwenners nominearden dizze kandidaat foar de priis. Ien fan dizze minsken seit der oer: “humor en gefoel binne wichtige ûnderdielen. Ek de aktualiteit en typyske Jouster sitewaasjes en markante persoanlikheden binne fêste yngrediënten. En hoe kin jo soks better foar it fuotljocht bringe as yn jo eigen memmetaal? Júst, yn it Frysk! It hat in prachtige mienskipsgearwurking.”

Wêrom jouwe wy de priis?

Yn De Fryske Marren wurdt in protte Frysk brûkt, sa as út sifers blykt: 70 oant 80% fan ús ynwenners praat Frysk, 80 oant 90% ferstiet it ek. De gemeente wol it brûken fan it Frysk stimulearje. De útrikking fan de Kultuerpriis is dêr in middel ta.

Foto: Orange Pictures/Douwe Bijlsma

Afbeelding