Yt Osinga uit Oudemirdum: “Skilderjen is sjen!”
Nu, vele jaren later, lijkt Yt Osinga daar nog altijd aan te twijfelen. Toch wel een beetje gek voor een vrouw die ondertussen het ene na het andere fraaie schilderij maakt. Hoogste tijd voor een nadere kennismaking met Yt Osinga-van der Veer uit Oudemirdum, fijnschilder van moderne stillevens.

Yt Osinga (1955) is getrouwd met Durk en moeder van twee volwassen dochters. “Ik tink net, dat ik sûnder skilderjen kin”, bekenet ze, “want as ik fjirtjin dagen op fakânsje bin, dan wol ik nei hûs, dan bin ik bang dat ik it net mear kin, dat it net mear slagget. Sa’n desimbermoanne, as it lang tsjuster is, is gjin goeie tiid foar my. Ik skilderje allinne mar by deiljocht. Fijn, dat it no wer wat ljochter wurdt. Gelokkich rin ik deis in kilometer as acht, krekt ek fanwege it sitten foar de skildersezel, ik moat beweging ha. Ik besykje my safolle mooglik op in skilderij te fokusjen, safolle mooglik by dysels te kommen. Wat dy boeit, dat op it doek sette en net wat Jan, Piet en Klaas freget fan: ‘Soesto dat even meitsje wolle?’ Nee, dat sit der net foar my yn. In oar moat de komposysje ek net foar my meitsje. Ik bin in modern realist. Skilderjen is sjen. Leare om te sjen. Dat is it. Skilderjen is net allinne skilderjen. It is eins allinne mar sjen. Ik wol de ienfâld sa realistysk mooglik werjaan, omdatst altyd skilderst, sjochst op in oare wize nei dingen as trochsneed. Ik bin fokust op wat ik sjoch, dat wol ik sjen litte, sadat it dan opfalt. De foarm en de kleuren, wêrfan’t ik troch de wite tinten sjarmeard bin.”
Passievol
Yt Osinga-van der Veer praat passievol over haar hobby. Maar mag je het schilderen nog een hobby noemen, als je drie tot vier dagen per week achter de schildersezel staat of zit? Dan is het toch veel meer dan alleen een liefhebberij? Wie het werk van de inwoonster uit Oudemirdum ziet, kan niet anders dan tot de conclusie komen dat de schoolvriendinnen van vroeger er al aardig kijk op hadden! Wij zelf vinden Yt Osinga in elk geval een werkelijk uitstekende schilderes
Dat brengt ons meteen bij de vraag, hoe er hier in Friesland tegen haar werk wordt aangekeken. Yt Osinga: “It is wol goed, mar earlik sein, binne de minsken yn Fryslân net sa keunstminded. Se hawwe der ek fuort net jild foaroer. Ik moat it net fan de trije noardlike provinsjes ha. De minsken yn it westen lûke earder de beurs foar keunst as hjir yn it noarden.”.
Galeries en beurzen
Het werk van Yt Osinga wordt verkocht door galeriehouders, waarbij Galerie Lauswolt in Beetsterzwaag altijd een belangrijke galerie voor haar was. Nu de eigenaar van de galerie op leeftijd komt en het iets kalmer aan gaat doen, heeft Yt een nieuwe galerie voor haar werk gevonden.
“It is no sa’n fyftjin jier lyn dat myn wurk fia galery Lauswolt op ’e ferskillende keunstbeurzen kaam, sa as yn Utrecht, Breda en Amsterdam, bij de realistenbeurs. De galery’s stâle it wurk fan de keunstners dy’t sy ha, dan út op sa’n beurs. Doe hong ik samar neist de bekende skilder Henk Helmantel, dat oerkomt dy dan samar. Foar my doe in hiele oare wrâld. Sa stadichoan stean ik der no wol oars yn, ik bin it no wend, omdat wy al jierren op dy beurzen stean.
Sa’t ik al sei, gean ik no mei myn nije galery, Galery Honingen út Gouda, wêr’t ik hiel wiis mei bin, nei de keunstbeurzen yn ús lân en gelokkich wurde myn skilderijen net allinne yn Nederlân ferkocht, mar binne der ek al wurken nei it bûtenlân gien. Dizze galery hat allinne mar realistysk wurk. Fierders haw ik noch in galery yn it easten fan ús lân, Galery A-quadraat yn Vorden en yn Amsterdam, Galery Art Fusion, flak by de Arena. It giet dus goed...”
Leermeester Olav van Overbeek
“Mar it leit my eins hielendal net om sa te praten”, zegt Yt Osinga dan bescheiden. Voordat Osinga, ooit werkzaam in de zorg en later als tandartsassistente, de status van een gewaardeerd fijnschilder kreeg, is er natuurlijk wel het een en ander aan vooraf gegaan. Talent is uiteraard een eerste vereiste, en dat was er dus op de lagere school al, maar dan moet er nog wel iets gebeuren om het talent te ontwikkelen. Een schriftelijke cursus tekenen is dan niet voldoende, weet Osinga uit eigen ervaring.
“Nei dy skriftlike kursus haw ik letter acht lessen bij Piet Kingma út Balk folge, mar dat hold doe wer op. Omdat ik mear woe, haw ik my oanmelden foar de avond mavo, dat bestie doe noch. Mei in hiele groep minsken fan ferskillende leeftiden ha wy doe de kursus avond mavo tekenen en kunstgeschiedenis folge. Op in gegeven momint hâldt de groep op te bestean. Doe bin ik sels útein set en ha ferskillende materialen brûkt, sa as inkt, pen, kleurpotlead, do moatst it allegear trochrinne. Uteinlik is pasteltekenjen oerbleaun, mar ik woe dochs ek wol mei oaljeferve oan’e gong en ik haw keunstskilder Olav van Overbeek út Ysbrechtum frege om my weiwiis te meitsjen yn oaljeferve. Ik krige doe les yn modeltekenjen fan him, hy stjoerde my troch nei ien dy’t ferstân hie om mei oaljeferve te skilderjen, mar it waard gjin súkses. At ik dan wat makke hie en ik liet dat de folgjende kursusjûn sjen, dan sei er: ‘No moat de kwast der noch even trochhinne’. No, dat wurke net, ik hie dat fijnsinnige folle mear. Lang om let kaam ik dochs bij Olav telâne en hij waard myn learmaster.”
Ondertussen heeft Yt Osinga haar eigen atelier en werkt zij met veel plezier als gewaardeerd professioneel fijnschilder van moderne stillevens. Wie haar werk wil zien, op haar site www.ytosinga.nl is veel moois te bewonderen.















