Algemeen

Kollum Eelke Lok: rekkenkeamer

De provinsiale hat in rapport op tafel lein, weryn stiet dat Steateleden  yn 2013 té entûsjast wiene. Doe leinen se nammentlik gol 55 miljoen op it kleed foar in nij Thialf. Té emosjoneel, seit de rekkenkeamer yn 2021. 

Afbeelding

Wy kin sa goed net rekkenje as dy Keamergelearden, mar dit hienen we ek wol sizze kinnen.  

Efterôf wit ommers elk alles krékt te fertellen. Hie yn 2013 roppen: “Jim moat efkes dimme, want dit wurdt neat.” Krekt as at no wol by de Lelylijn bard. Net efterôfsangerje. Want no moat de gemeentlike rekkenkeamer fansels ek noch. At dy Steateleden té entûsjast wiene, dan fansels de gemeenteriedsleden ek, want Hearrenfean hat der ek noch al wat jild yn dondere.  

Boppedat hat dy provinsiale rekkenkeamer net gelyk. Werom nei de jierren fóar 2013: Thialf wie al trije kear faillyt en ferboud west, moast wer fernijd wurde. En de duorsume mooglikheden moasten better wurde. Zoetermeer en Almere woene  ek wol it nasjonale reedriidsintrum wurde. Under dy druk sette de provinsje sok, wol wittende dat sa’n hal net sûnder oerheidsstipe oerein komt. Want, en dat neame se emosjoneel, wy fine dat soks yn Fryslân stean moat.

Twa saken giene net goed. It waard wat in te útklaaid reedriidsintrum. Hie it fuort kompleet makke. En de provinsje hie it yn hannen. In provinsje kin in soad, mar net sa’n ding boue en eksploiteare. Elk dy’t foar de oerheid wurket besiket de priis omheech te triuwen, “want de oerheid hat dochs genôch sinten?” Dêr wienen de lju dy’t der oer gienen net tsjin bestand.  Sa komt dat ferhaal fan dy sinnepanielen ek  fansels. At soks ferkeard giet, bou dan in garânsje yn. Dat docht de oerheid noait. Kloaterich!

Mar at ík no yn de rekkenkeamer siet sei ik: “Jim moat soargje dat dy sinnepanielen brûkt wurde kinne, dat it allegearre goed is! En dan de hal op in goede wize eksploiteare! Jim tochten entûsjast dat soks neat kostje soe, mar wy ha útrekkene, dat it elk jier sa en safolle kostet. Dêr ha we gjin rekkenkeamer foar nedich, dat kinne jo en ik ek wol fertelle.” 

Eelke Lok