
BOALSERT - FNP Súdwest-Fryslân hat opheldering frege by Rykswettersteat oer it rigoreus beamroaien oan de A7 tusken Boalsert en Nijlân. Under oare it folslein fuortheljen fan beammen en struken oan it ‘Laerd en Saerd’ rjochting Wolsum.
“Skande, dit wie in populêr, mei tichte begroeiïng tsjin wyn en ferkearslawaai beskut, fyts- en kuierpaad. We hawwe daliks Rijkswaterstaat oan it jaske lutsen en nei it wêrom frege fan dizze folsleine kealslach’, sa litte se by de FNP witte.









