columns

Column Eelke Lok 14 april | Wie kent de toekomst van Fryslân?

Door: Rowena Ekiye

Der komme hieltyd mear Friezen en dy’t der al binne wurdehieltyd âlder. Wat foar doel ha dit soarte foarsizzings eins. Want at der mear Friezen komme moat we hûzen boue en dat dogge we net genôch. At der hieltyd mear âlderein komt, moatwe dêr ienpersoanswenninkjes foar meitsje, mar we meitsjeinkeld ûnderkommens foar starters en rike lju út it westen. Jim begripe dat ik wat rûch oan it sketsen bin, mar yn in soadgefallen ha ik gelyk.  

Boppedat, se kin no wol sizze dat der yngreven berekkenne is dat der dat en dat allegear barre sil, sa’n foarsizzing is echt net mear as dat der eartiids sa’n frjemdeftich frommiske yn in tintsje siet en sei dat je miskien ea wolris ferkearing krijekinne soenen en dat je ien kear yn je libben dea gean. Mearynhâld hat soks net. Want sa’t it optheden yn de wrâld giet kin alle foarsizzings binnen in dei al wêr feroare wêze. Ik ha lokkich gjin oandielen, mar Trump hat guon fan synbeslissings binnen in dei al wer werom naam. Dus is foarsizzenet mear as in pyramide spultsje. 

It hat gjin doel mear. Want we litte al dy foarsizzers harren saneamde wurk dwaan, mar ferbine der gjin belied oan. We binne op bestjoerlik nivo net bysteat om fleksibel te wurkjen. Dat is ek logysk, want at it tsien jier duorret foardat je wat beslisse, dan is dat eventuele beslút fansels al lang werefterhelle. 

De regels en wetten yn dit lân, nei jierren fan yngrevendiskusjes ûntstien, hâlde alle fleksibiliteit tsjin. En oars wurdtit wol tsjinhâlden. Der bin sat lju dy’t tinke dat de wrâld net feroaret omt in soad rjochters net goed fine wat Trump of Wilders wolle. Mar hoe lang slikke dy dat? Aanst sette se de rjochters yn itselde bankje as wêr at de foarsizzers no ek al sitte. It bankje wêr at nimmen mear nei harket. 

Ik kin noch sa âldehoere, mar ferhip: mear grize Friezen kommendewei, dat kin net oars. Dêr moat we wat oan dwaan. Betsjut dat, dat we nije bestjoerders nedich ha dy’t krekt like fier foarút sjen kinne as dy foarsizzers en der dan ek noch wat mei dogge?