Toanielselskip Sint Nyk set útein mei nij toanielstik: ‘Do silst libje’
SINT NYK - Fanôf septimber 2024 is Toanielselskip Sint Nyk wer drok dwaande mei har nije produksje. Dit jier bringt it selskip it stik ‘Do silst libje’ op de planken, basearre op it toanielstik “Jij zult leven” fan Carl Slotboom en oerset troch Roel van Nijen.

It stik fertelt it op wierheid basearre ferhaal fan Salomon Perel (1925-2023), in Joadske man dy’t yn oarlochstiid troch dramatyske situaasjes gien is en jierren letter noch altyd wrakselet mei syn ferline.
It feit dat it yn 2025 80 jier lyn is dat Nederlân befrijd waard, makket dizze foarstelling ekstra bysûnder en betsjuttingsfol.
De foarstellingsdata binne 24, 25, 31 jannewaris en 1, 7 en 8 febrewaris yn it Zalencentrum Sint Nyk. De foarstellingen begjinne om 20.00 oere, mei de seal dy’t iepen giet om 19.30 oere.
Kaarten binne no te keap by drogisterij De Magneet yn Sint Nyk en fia www.toanielstnyk.nl












