Fan Juster nei Hjoed en Moarn: De Jouster Nijjiersrevu giet tiidreizgjend it nije jier yn!
DE JOUWER - Wa’t yn jannewaris 2026 de Nijjiersrevu fan ‘e Jouwer besiket, kriget in blik op ‘e Jouwer en omkriten fan it ferline, it no én de takomst. It tema fan de 38e Nijjiersrevu is “Juster, Hjoed en Moarn.“ Yn 4 foarstellingen op sneon 10 (20:00 oere), freed 16 (20:00 oere) en sneon 17 jannewaris 2026 (14:30 en 20:00 oere) yn Party- en Zalencentrum ‘t Haske lit de ploech mei in knypeach en gefoel werom- én foarútsjen, mei humor en werkenning foar jong en âld.

Fan idee nei skript
De skriuwers fan dizze Jouster tradysje kamen yn maart 2025 foar de earste kear byinoar om harren ideeën oer it tema te spuien. Al gau dêrnei ferskynden de earste harsenspinsels op papier. Ut dizze rige makken sy in kar, skerpen de teksten oan en namen de clous noch ris goed ûnder eagen. Doe koe de regisseur oan de slach om alles ta in moai gehiel te meitsjen. It skript foar de 38e Nijjiersrevu wie berne!
Nije regisseur, frisse ynbring
Regisseur Chris Marijt út Snits hie de gong der fan it begjin ôf goed yn. Chris is nij binnen de ploech en bringt mei syn 25 jier in frisse, jonge ynbring. De teaterwrâld is him út noch yn net frjemd en dat is te merken: hy komt mei aardige, ferrassende fynsten en wit op natuerlike en krekte wize elkenien yn ‘e ploech op it goede plak én yn harren krêft te setten.
Muzyk as in hûs
Ek muzyk spilet in wichtige rol. Hans Wempe hat op ‘e nij de muzikale lieding. Tegearre mei de revu-band - útwreide mei Uriël Ferrari op drums, Kor Konstapel op slachgitaar en Bokke Andringa op basgitaar en mei multitalint Wieger Romkes as fêste krêft - stiet de muzyk as in hûs!
Yn de 38e revu kinne jo wer rekkenje op prachtige lieten, songen troch ferskate gearstallingen út de spilersploech. Bekende en minder bekende meldijen fan eartiids en fan no krije allegear it fertroude revu-sauske mei: in miks fan humor, gefoel en in fleurige knypeach.
Spilersploech fan 18 oant 70+
It is bysûnder dat de jongste spylster krekt 18 is, wylst de âldste spiler de 70 al foarby is. Dit soarget foar in prachtige dynamyk. Ien ding hawwe se gemien: in hert foar toaniel en muzyk - en dat is te sjen en te hearren.
Wat kinne jo ferwachtsje fan “Juster, Hjoed en Moarn”?
In kleurige miks fan ferhalen en situaasjes: in liet oer de Jouwer yn ‘e oertiid, in sêne oer freonskip, nijmoaderich gedoch fan pubers, jongfolwoeksenen en de âlderein, feest, iten en drinken, mar ek serieuze saken as in bysûndere stellerij en it wurk op it gemeentehûs. Der wurde ferbannen lein tusken eartiids, no en wat der yn de takomst barre kin - en guon bliuwe hingjen yn it ferline. No en dan swingt it de panne út en efkes letter kinst in lyts trientsje fuortpinke by in moai, ynbannich liet.
De basis bliuwt gelyk: humor, gefoel, aktualiteit, Jousters en smûkens binne wurden dêr’t de Jouster revuploech mar wat graach hannen en fuotten oan jout.
De dekôrploech hat in tige fernimstich bouwurk makke, dat op in soad ferskillende manieren brûkt wurdt. Der wurdt hjir en dêr wat frege fan de ferbyldingskrêft fan it publyk; dit kinne jimme!
Kaarten en foarstellings
Fier Juster, Hjoed en Moarn mei de Nijjiersrevu! Wy sjogge jo graach op sneon 10 (20:00 oere), freed 16 (20:00 oere) as sneon 17 jannewaris 2026 (14:30 en 20:00 oere) yn Party- en Zalencentrum ‘t Haske.
Kaarten kostje € 15,00 (jûns) of € 12,50 (sneontemiddeis) en binne te keap op www.revudejouwer.nl en by Primera, De Merk 3 op ‘e Jouwer.
By alle foarstellingen is der in lotterij mei moaie prizen. Nei ôfrin fan de jûnsfoarstellingen is der livemuzyk.












