Toanielselskip ‘De Trochsetters’ set wer in komysk stik op de planken
BALK – Toanielselskip De Trochsetters út Balk bringt op 4, 6 en 7 febrewaris de foarstelling ‘In rits te fier’ yn De Treemter. De komeedzje fan Jon van Eerd sit fol humor en taalgrappen, sa’t it publyk fan it selskip wend is. Ferline jier fierde De Trochsetters it 40-jierrich bestean. Dêrby kaam ek de woansdeitemiddei-foarstelling werom op it programma, ûnder oare foar alderein en jeugd.

It stik spilet him ôf op kamping Fûgelfrij. Eigner Harrie Vermeulen (Herman Mous) krijt te meitsjen mei in grutte kontrôle fan de gemeente. Mei help fan syn dochter Lies (Meta Feenstra) en harren hulpke Lang (Anniek Luimstra) wurdt der koartswylst besocht de kamping tiptop ynoarder te krijen, mar troch misferstannen rint alles oars as pland.
Underwilens liket de gemeenteried mear belang te hawwen by in golfterrein as by in gewoane kamping. In seldsume fûgel, geheime kampearders en besikers mei harren eigen ferhalen soargje foar ekstra gaos en komyske situaasjes.
De rezjy is yn hannen fan Margré Deinum en Sjoukje Altenburg. Fêste ynstekster is Paulien Dooper en Riemke Stapersma soarget as grimeuze dat elkenien klear is foar it ljocht.
Kaarten binne kontant te keap by Mous Tweewielers yn Balk foar €10. Dêrby is ek in kopke kofje of tee yn Zalencentrum De Treemter ynbegrepen.










