Cultuur en uitgaan

Seisde printinge fan De Oerpolder by 90ste jierdei Hylke Speerstra

Door: Ynte Dragt

FRYSLAN - By útjouwerij Bornmeer ferskynt ta gelegenheid fan de 90ste jierdei fan Hylke Speerstra de seisde printinge fan De Oerpolder. Fan it ikoanyske Fryske boek binne mear as 13.000 eksimplaren ferkocht.

Afbeelding
De Oerpolder

Yn De Oerpolder giet Speerstra op syk nei in ferlerne mienskip yn it Heidenskip fan de njoggentjinde ieu. Fan 2002 ôf hie er petearen mei mear as twahûndert Heidenskipsters âld-Heidenskipsters en oare belutsenen. Ek lies er âlde deiboeken en notysjes en sneupte er yn argiven fan ynstânsjes en famyljes.

De skriuwer ferbynt histoaryske feiten mei fiksje en bringt sa in ferdwûne wrâld opnij ta libben. It boek waard earder priizge om syn fertelkrêft en de sterke sênes oer it Fryske plattelân.

In twadde diel fan De Oerpolder is noch yn tarieding. Dat sil gean oer de grutte feroaringen op it plattelân yn de tweintichste ieu.