Toanielferiening Aldegea ‘Sin en Wille’
Aldegea-Toanielferiening ‘Sin en Wille’ stiet dit jier op de kamping fan Els, yn Seelân. Hindrik en Klaske Braam binne wol oan fakânsje ta. Se stean wer op harren fertroude plakje, mei in pear bekende mar ek nije gasten. Els hopet dit jier op in goeie simmer. Soe dat wat slagje? Mei min waar en in konflikt tusken de gasten dy’t it mekoar sa ferfelend mooglik meitsje? It stik is in feest fan herkenning foar eltse kampingsbesiker. Rûzje by it tinte opsetten, it minne waar en de tapaslike aktiviteiten. Dogge jim daliks ek mei oan de moarnsgymnastyk?

MFC It Joo Oudega SWF 8 en 9 februari 20.00 uur na afloop swingen met live muziek van de 4B’s







