Cultuur en uitgaan

Sânman & Sikke yn ’t Fjoer foar de Skearnegoutumer toer

De fokale manljusgroep Sânman & Sikke is ûntstien yn 1994 yn Warkum en nimt mei syn gearstalling en muzykkar in hiel eigen plak yn it Fryske muzyklibben yn. De groep stiet fan it begjin ôf ûnder lieding fan Siebren Kramer. Sânman & Sikke mei dan op lichte muzyk oriïnteard wêze, in moai foarbyld hjirfan is de prachtige humoristysche fertolking fan “de Bakstienballade” in liet dêr’t de groep mei bûten de stringen stapt. Ek klassike eleminten wurde net mijd, dêrtroch is de groep lestich yn in hokje te pleatsen. Yn de rin fan de jierren binne 5 cd’s opnommen, dy’t yn eigen behear útbrocht binne.

Afbeelding
Sneek - Freed 23 nov. fersoarget de fokale groep Sânman & Sikke jûns 8 oere in konsert yn de Martenstsjerke te  Skearnegoutum. Dit konsert is der ien yn in rige om jild te generearjen foar restauraasje fan de toerspits fan de Martenstsjerke dêr’t men takomme maaitiid mei hopet te begjinnen.

It repertoire kin sûnder mis breed neamd wurde; it grut ferskaat oan stilen, fan barbershop oant Beatles en fan gospel oant Westcoast, soarget derfoar dat it publyk him net in tel hoecht te ferfelen. Ek de eigen Frysktalige nûmers en de ynformele, relativearjende presintaasje drage yn wichtige mate by oan de identiteit en de útstrieling fan de groep. Ut de reaksjes tidens optredens yn de provinsje (mar ek dêrbûten) yn doarpshuzen, tsjerkjes en teaters, hat wol bliken dien dat it lûd fan Sânman & Sikke by in breed publyk yn de smaak falt.

De mannen wurde ek geregeld frege foar oare muzikale útstapkes. Sa ha se bygelyks meiwurke oan teaterfoarstellings, de achtergrûnsang fersoarge by de film ‘De hel fan 63’ en it byhearrende nûmer ‘De hel foarby’ fan De Kast en meiwurke oan in nijjiersrevue fan Rients Gratama. Mei Frederike Kleefstra is in programma ûntwikkele wêryn’t de sjongeres harsels fan in hiel oare kant sjen lit. It nûmer Whisky Widzesang is ien fan de ferskes dy’t dêrút ûnstien is.

De krystkonserten fan Sânman & Sikke (meastal om it jier) binne ek alle kearen wer bysûndere publykslûkers.

De organisaasje yn Skearnegoutum is der tige oer te sprekken dat hja dit konsert organisearje meie en rekenje op in folle tjerke oankommende freed.  Sânman & Sikke begjinne mei harren programma om 20.00 oere.

Foar mear ynformaasje en lústerfoarbylden, sjoch op www.sanmanensikke.nl.

Afbeelding
Afbeelding
Afbeelding