Cultuur en uitgaan

Alle dagen Frysk

De motivaasje foar it meitsjen fan dizze kalinder wie it feit dat ynisjatyfnimster Birte Buwalda, nei jierren om utens west te hawwen, der efter kaam dat har Fryske wurdskat net grutter waard. Se besleat dêrom foar harsels in samling prachtige, ynspirearjende en ferrassende Fryske wurden gear te stallen. Tegearre mei in groep freonen en kennissen, dy’t al dan net beropsmjittich, graach kreatyf en keunstsinnich dwaande binne en gefoel of ferbining ha mei Fryslân en de Fryske taal, is dizze kalinder ta stân kommen.

Afbeelding
Snits- De “Do it Yourself” kalinder mei alle dagen in moai Frysk wurd mei in oersetting yn it Nederlânsk en it Ingelsk.

De kalinder kin alle jierren op 'e nij brûkt wurde om’t der gjin jiertal op stiet. Alle 365 wurden binne foarsjoen fan in moaie, op it wurd ynspirearre ôfbylding of binne grafysk moai foarmjûn. De kalinder bestiet út 21 fellen stevich papier, ûnderferdield yn njoggen kaartsjes. Alles is foarperfoarearre sadat it maklik ynelkoar te setten is.

Meiwurkers oan de kalinder: Chris Bakker, Brigitte van den Boogert, Birte Buwalda, Fredau Buwalda, John Hekert, Sandra Jongedijk, Tjitske Kamphuis, Anja Mulder, Dragan Thomas, Isa Veenstra, Mathilde van Wijnen en Renske Zijlstra.

Afbeelding