Cultuur en uitgaan

Oandacht yn Athene foar De GFR

De oersetster, Martsje de Jong fan Bitgum, sil yn Athene oanskowe by in spesjale lunch foar priiswinners. De útjouwer, Utjouwerij Regaad, jout op de freeds fan it kongres in presintaasje oer de wearde en praktyk fan it oersetten fan berneboeken foar minderheidstalen: Translating Classic Children’s Books into Minority Languages: The Case of West Frisian.

Afbeelding
Snits- De kommende fjouwer dagen wurdt yn Athene it IBBY Congress holden. Dat kongres wurdt alle twa jierren organisearre troch de International Board on Books for Young People (IBBY) en besocht troch eksperts op it mêd fan berneboeken fan oer de hiele wrâld. Op it kongres is ek oandacht foar de Fryske oersetting út 2016 fan Roald Dahl’s berneklassiker De GFR (Grutte Freonlike Reus). It boek is ferline jier troch de IBBY op har Honour List set, in jierlikse ynternajosnale list fan berneboeken dy’t neffens de IBBY spesjaal omtinken fertsjinje.
Afbeelding