Cultuur en uitgaan

Nij ferskynd: De Weddenskip, ferhalen út de Edda fan Lida Dykstra

De prachtige yllustraasjes -útfierd yn read, goud en swart- binne makke troch Nina Peckelsen. De runespreuken en motiven yn har ôfbyldings ha echt betsjutting. Sy liet har hjirby û.o. ynspirearje troch it boek Sorcerer’s Screed (Tsjoendersrede) fan de Iislander Jochum Magnús Eggertsson dy’t yn dit boek magyske spreuken út tachtich âlde manuskripten byinoar brocht.

Afbeelding
Snits- Lida Dykstra hat har foar har nijste boek ynspirearje litten troch de midsiuwske poëzy en ferhalen út sawol de poëzy-Edda as de proaza-Edda fan Snorri Sturluson en nimt de lêzer op boartlike wize mei nei de njoggen wrâlden fan de Noardske kosmos, dy’t bewenne wurde troch Asen, Wanen, reuzen, alfen, dwergen en minsken. It is in ramtfertelling wêryn’t de bline dichter Bernlef in lang liet sjongt oer de slûchslimme Loki, dy’t seis foarwerpen mei bysûndere krêften meitsje lit troch de dwergen fan Nidavellir.

It boek is in moaie opstap om yn de kunde te kommen mei de Noardske mytology foar sawol jeugd as folwoeksenen.

Boekgegevens Titel: De Weddenskip Auteur: Lida Dykstra Yllustraasjes: Nina Peckelsen Foarmjouwing: Peter Boersma Utfiering: ynbûn, 144 siden Priis: € 15,00

Afbeelding