Teater Snits yn Theater Sneek mei ‘Sjoen op in distânsje’
Eddy Carbone, in hurdwurkjende boatwurker, hat syn skoansuster op har stjerbêd tasein dat hy nei har dea de soarch fan har dochter Gina op him nimme sil. Hy fettet dizze taak tegearre mei syn frou Bea tige serieus op. Minsken mei in grut hert. In prachtkoppel. Wat noch dúdliker wurdt as sy ek noch twa illegale neven yn hûs opnimme om te arbeidzjen yn it grutte Amerika. Mar as ien fan dizze neven fereale wurdt op de moaie en puberjende pleechdochter, komt der in ommekear. Eddy seach foar Ginny in oare takomst ... advokaat of ...by de tillefyzje…

Eltse heit herkent de dillemma’s :’Welke jongfeint is goed genôch foar myn dochter’. Eltse mem sit der tusken yn. De romhertige ruwe bolster Eddy feroaret stadich yn in wrokkige, nukkende brombear. Wêr hâldt dit op???? Mei in soad romte foar humor en lucht triuwt Arthur Miller dit stik nei grutte hichte!
Wa wint dizze striid?.... Is it te winnen?
Teater Snits is tige grutsk dat sy dizze aktuele klassiker oan ús Snitser publiek toane kin. En se ferwachtsje jim op 6 en 7 april om mei ús te genietsjen fan dit stik, in wrâldrepertoire.
Kaarten : €15,--













