Tryater mei Doarp Europa: De myte fan it plattelân útinoar raffele
Europeanen. Bewenners fan Parys, Berlyn, Rome, Madrid. Froulju yn de lêste moade, manlju yn twadielich pak of hipsterburd, opgeand yn it drokke ferkear. Mar traapje ien kear it gas yn en bist yn Europa de stêd al wer út. En dêr komst dus ek Europeanen tsjin. Op it plattelân. Wa binne dat eins? Hoe sjogge sy nei de globalisearjende maatskippij? Watfoar byld hat de wrâld fan harren?

Wolkom yn Doarp Europa. Tryater reizget yn de hjerst mei dizze kleurrike foarstelling troch Fryslân; alle dagen mei ôfwikseljende ferhalen, op lokaasjes en yn húskeamers. Nij skreaun wurk wurdt combinearre mei teksten út de wrâldliteratuer, wêrby’t spilers, muzikanten en dûnsers de siel fan it plattelân besykje te fangen. Yn syn natuerlike omjouwing: it doarp.
De foarstelling is ûnder oare op freed 19 oktober by Fisher Edelstaat oan de Lorentzstraat 9 yn Snits.
Deze meertalige voorstelling is ook geschikt voor niet-Friestaligen. De prijzen wijken af van wat in onze brochure staat i.v.m. een wijziging.













