Cultuur en uitgaan

Presintaasje berneboek Koos Tiemersma

Afbeelding
Drachten - Op sneon 12 maaie waard yn it atelier fan Jan Ketelaar te Drachten ‘Heech Tymo, sjoch omheech’, in berneboek fan Koos Tiemersma presinteard. Dat de presintaasje krekt dêr plakfûn, wie gjin tafal. It troch Carla van der Heijde yllustrearde boek slút nammentlik oan by de bylden dy’t Jan Ketelaar op dit stuit makket foar Sense of Place, ien fan de projekten fan Kulturele Haadstêd 2018. It boek is fan oarsprong bedoeld foar bern út ’e boppebou fan de basisskoalle, mar kin likegoed lêzen wurde troch wa’t him noch jong genôch fielt.
Afbeelding