Cultuur en uitgaan

Gerben Rypma Keamer yn Blauhûs iepene

Blauhus - Freed is yn Blauhûs de ‘Gerben Rypma Keamer’ iepene yn kafee ‘de Freonskip’. De Gerben Rypma Stifting hat kastelein de Wolff ree fûn om hjirta syn eardere sliterij besikber te stellen. De keamer is ynrjochte yn de styl fan de jierren ’40 - ’50 mei meubels, skilderijen, orizjinele hanskriften, foto’s en persoanlike besittingen fan skilder dichter Gerben Rypma (1878-1963). Rypma wenne lang thús, letter yn in Klinte oan oan de Brekswâl en syn ‘lêste jierren’ yn in lyts keamerke yn it Theresiagesticht yn Blauhûs.

Afbeelding

Sitaat út de biografy ‘Gerben Rypma de Keunstner fan it dûbele krús” (Eeltsje Hettinga): It hie yn 1921 west, fjouwer jier nei it ferstjerren fan syn mem Antje Teijes Brattinga, dat er him nei wenjen sette yn in lytse, mei âld hout boude klinte oan de Brekswâl, de igge fan de mar, efter yn de Sânfursterryp, in oarde oan it fuottenein fan de wrâld, dêr’t er achttjin jier syn wen- en wurkplak hawwe soe, tegearre mei wat kij, in stikje bou en in boatsje foar de fiskerij.

Yn 1939 bedarre Gerben Rypma slim siik yn it Theresiagesticht fan Blauhûs. Yn it skimer fan in nearzige winterjûn, 1939, ried stapfoets in boerewein út de Sanfursterryp wei nei Blauhús. Tusken de skudden lei in man, hoastjend en rocheljend, it wie de dichter en skilder Gerben Rypma. Se hienen him yn út syn klinte oan de Brekken helle. De longûntstekking dy’t er ûnder de lidden hie, joech him amper lucht. Syn swager Hiëronymus Flapper, rintenierjend heareboer te Ljouwert, moanne de fuorman om foarsichtich oan. Syn broer Bouke siet yn noed, hy hie it op in pypfol, guon mienden dat de grêfstien al fêst wol besteld wurde koe, sa slim wie er der oan ta. Lykwols, doe’t er ta fernuvering fan hast elkenien hiel stadich by de wâl opklaude, net liker as wie er de âlde Lazarus sels.

En sa is it gien, Gerben Rypma hat noch 24 jier, oant syn dea yn 1963, ‘by de susters’ wenne. Hjir hat Rypma hûnderten fan syn skilderij ‘op doek’ setten; hy naam faak tafrieltsjes oer fan foto’tsjes dy ‘r sels makke yn de omjouwing fan Blauhûs. Syn wenromte wie tagelyk syn atelier of wat dêr foar trochgean moast, want yn deselde keamer, dêr’t bytiden stoef smookt en prúmke waard – ‘njonken syn stoel stie op ‘e flier in kwispelpôt – moast ek noch sliept wurde.

Lid fan de earste oere, Gerben Gerbrandy en hjoeddedei Boargemaster fan Achtkarspelen, hat freed 9 maaie de keamer yn kafee ‘de Freonskip’ offisjeel iepene. De keamer is oant en mei septimber frij tagonklik op tiisdei oant en mei snein fan 12.00 – 18.00 oere. Mear info op www.gerbenrypma.nl

Afbeelding