Cultuur en uitgaan

Wat in koffer seit, fersen út Theresienstadt

As de muorren prate koene, de muorren fan Theresienstadt… Mar muorren hâlde har net ivich en altyd stil. Tanksij Ilse Weber (1903-1944) witte wy wat se sein hawwe, sy hat de muorren harren ferhaal dwaan litten.

Afbeelding
Snits-Ik bin in lytse koffer út Frankfurt am Main en ik sykje myn baas, wêr is er toch tein?

Op 24 april ferskynt by útjouwerij Afûk de twatalige bondel Wat in koffer seit, fersen út Theresienstadt, skreaun yn it Dútsk troch Ilse Weber en oersetten yn it Frysk troch Eppie Dam. Wat in koffer seit is ta stân kommen nei oanlieding fan it teäterprogramma ‘Holocaust-Hollywood, de kinderen van Ilse Weber’ fan en troch Inez Timmer (foto) en Tseard Nauta.

De foarstelling soe oarspronklik op 4 april yn Ljouwert yn premjêre gien wêze mar is troch de hjoeddeistige omstannichheden mei it Koroanafirus earst in jier útsteld. De bondel mei de gedichten dy’t de basis foarmje foar de ymposante, meartalige muzikale teäterfoarstelling is der dêrtroch no earst.

Ilse Weber wie in Joadske frou fan Dútsk-Tsjechyske ôfkomst. Sy skreau berneboeken, harkspullen en prachtige gedichten. De Dútsktalige gedichten dy’t se yn it geheim skreau yn it modelgetto Theresienstadt dêr’t sy as nachtsuster yn it bernesikehûs wurke, wiene foar in protte finzenen in beaken fan hoop. Yn de ynlieding yn de bondel fertelt Inez Timmer yn it koart it libbensferhaal fan dizze bysûndere frou en hoe’t har gedichten op wûnderbaarlike wize de oarloch oerlibben.

De oersettings fan de gedichten nei it Frysk binne net by tafal fan Eppie Dam. Dam (1953) is dichter, berneboekeskriuwer en oersetter en sette al earder lieten foar Timmer oer, ûnder oaren it ferneamde ‘Lili Marleen’.

Foto Henk van der Veer

Afbeelding