Toaniel yn Top & Twel
It twadde stik is “Groetnis út Vogelzang” en wurdt spile troch in stel ‘âlde’ rotten yn it fak dy’t wy al fierste lang net op ‘e planken sjoen hawwe. De spilers Douwina Bouwhuis, Rimie Reitsma, Uiltsje de Jong en Sieger Dijkstra hawwe yn gearwurking mei Wolter Overwijk sels de rezjy dien én tagelyk ek mar de namme fan it stik feroare yn “Groetnis fanôf it Amelân”; dat privileezje hawwe jo nammentlik as âlde rot yn it fak. Dit stik spilet him ôf yn in âldereintehûs. By de bewenners nimme de yrritaasjes ta en ferskillende emoasjes komme dêrby foar it ljocht. It wurdt omskreaun as in tragikomeedzje, in ienakter mei in laits en in trien.

Tige nijsgjirrich dochs? Wês wolkom en kom del op freed 21 of sneon 22 febrewaris yn It Harspit. Sjoch foar mear ynformaasje op www.fordivedaesjetopentwel.nl













