Cultuur en uitgaan

De Lês mar foar wiken mei Tomke

Door: Henk van der Veer

SKEARNEGOUTUM- “Hawwe jim wol ris fan Tomke heart?” frege wethâlder Henk de Boer fan ‘e moarn oan de pjutten yn Skearnegoutum. No, dat hiene se wol! Henk de Boer hat fan ‘e moarn yn it Frysk foarlêzen oan de bern fan pjutte-opfang Kinderwoud. Hy lies foar út it nije Tomke boekje foar de ‘Lês-mar-foar-wiken’. 

De Lês mar foar wiken mei Tomke
De Lês mar foar wiken mei Tomke Foto gemeente SWF

De ‘Lês mar foar wiken’ binne organisearre troch de Afûk. Fan 9 oant en mei 27 septimber kinne foarlêzers, dy’t harren opjûn hawwe, foarlêze oan bern fan pjutte-opfangplakken en basisskoallen yn Fryslân. It tema dit jier is Eigenwiis. De Afûk docht dit om it Frysk op skoallen, opfanglokaasjes en by heiten en memmen te stimulearjen om faker Frysk foar te lêzen. En dêr heakje wy, as gemeente Súdwest-Fryslân, graach by oan. 

Ek wethâlders Bauke Dam, Petra van den Akker en boargemaster Jannewietske de Vries sille foarlêze. Dit dogge sy yn Wommels, Boalsert en Wytmarsum.