‘Momfluencer’, ûndernimmer en mem Rosa Hereman
Als ik haar Instagramaccount bekijk, lees ik; ondernemer, vrouw van Joey en moeder van Nova (4), Juul (1) en Nuna (0). Ik zie prachtige foto’s van haar en haar gezin die ook zo in een modetijdschrift zouden kunnen staan. De roodharige half-Italiaanse Rosa Hereman (28) leeft een sprookjesleven, zo lijkt het.

Totdat ik haar teksten onder haar posts lees. Het valt mij op hoe eerlijk ze schrijft over zowel haar moeder- als ondernemerschap. Zo schrijft ze dat ze zich soms schuldig voelt tegenover haar kinderen omdat ze niet weet of ze hen allemaal evenveel aandacht kan geven. Wie haar kent weet dat ze in real life ook zo is. Echt en oprecht. Haar leven is niet alleen maar zonneschijn en roze filters. Onder de Toscaanse zon begint ons gesprek over Rosa’s jeugd in Kûbaard.
“Kûbaard is ien grutte famylje”
“Kûbaard is myn thús. It is in geweldich doarp om op te groeien. Elkenien kin elkoar en kin der harsels wêze. It makket net út wat foar wurk je âlders hawwe of wat je sels dogge. En alles is lyts. Ik siet op in basisskoalle mei fjirtich bern. Dat fûn ik hearlik. It is in doarp wêr’t elkenien elkoar helpt. It is krekt ien grutte famylje.
Ik bin de jongste fan trije bern, ha in broer en sus en wy krigen thús alle frijheid fan ús âlders. Wy krigen de mooglikheid om grinzen op te sykjen. En dat die ik ek. Op myn njoggende hie ik myn eigen hynder. It wie in wyld hynder dêr’t ik eins net allinnich mei op paad koe. Mar dat die ik wol. Ik wist dat it ferkeard gean koe en dat risiko joech my in kick. Dat ha ik noch altyd. Dat wat eins net kin, wol ik toch foar elkoar krije. Dat sit yn myn karakter en myn âlders joechen dat foarbyld ek.”
Ûndernimmer wurde
Met een vader als ondernemer en een moeder als juf op de basisschool, maakt Rosa van dichtbij mee hoe het is om een onderneming te runnen en ook hoe het is om in dienst te werken. En al snel heeft ze door dat dat laatste niet bij haar past. “Ik ha hert foar de saak. Ek at it net myn eigen is. Ik jou it myn alles. En datselde krij ik net altyd werom. Ik wol wurdearre wurde yn myn wurk en oars is it gau klear. As bern fûn ik it ûndernimmerskip al ynteressant en frege ik der fan alles oer oan ús heit. Foaral de frijheid like my hearlik.”
Domste bern fan de klas
Dat ze zichzelf goed kent, weet wat ze wil en wat ze kan, wil niet zeggen dat anderen dat ook zien. Als Rosa zes jaar is, verhuist het gezin naar Wommels. Haar vader krijgt dan zijn bedrijf aan huis. Ook al ligt het dorp vlakbij Kûbaard, toch vindt ze het een moeilijke omslag. Ze kent er vrijwel niemand. En zo geaccepteerd als ze zich in Kûbaard voelde, zo buitengesloten voelde ze zich hier in het begin. “We wennen bûten it doarp en ik kaam by in groep dy’t elkoar goed koe. Dat fûn ik wol lestich. Ik wist net wêr’t ik by hearde. En dêrby kaam dat ik troch ús master oanwiist waard, as it domste bern fan de klas. Dat komt best hurd oan. Ek al bin ik it der net mei iens. Ik hie gewoan gjin ynteresse yn it learen, fûn skoalle tiidfergrimerij. Foar ierdrykskunde koe ik de Europese stêden mar net yn ‘e holle krije. Dus sei ús mem; dan learst it dochs net? Dat fûn ik geweldich. Dat ferwachtsje je net fan in mem.”
“Ik bleau yn myn komfort sône hingjen”
Als ze een opleiding moet kiezen, heeft ze geen idee wat ze wil. En dus kiest ze maar voor dezelfde opleiding als een van haar klasgenoten. Helpende Welzijn. Nog steeds is ze niet gemotiveerd om te leren. En ze merkt dat haar opleiding eigenlijk te gemakkelijk voor haar is. “Ik hie te min útdaging en it gie my te maklik ôf. Foar de eineksamens learde ik net iens. Ik bleau yn myn komfort sône hingjen, miskien wol troch wat ik op de basisskoalle meimakke hie. Ik tink dat dat ûnbewust meispile. At ik dêr bettere begelieding hân hie en dosinten hân hie dy’t yn my leauwden, dan hie ik dat sels ek mear leauwt. Ik fyn it wol in gemis dat ik die wêr’t ik goed yn wie yn plak fan wat ik leuk fûn om te dwaan. Ik makke net gebrûk fan wat ik kin. En dan fielt it krekt of ha ik neat berikt.”
“At it net goed fielt, hâld ik der mei op”
Na enige omzwervingen als gastvrouw in verschillende horecabedrijven gaat ze als gastouder aan de slag. Eerst bij gezinnen thuis en later opent ze haar eigen gastouderbedrijf aan huis. “Ik fûn it hearlik om foar mysels te wurkjen. Ik fielde my frij en yn myn elemint. Mar nei in pear jier wie foar my de glâns derôf. Ik wie alle dagen thús en hie allinnich noch mar praat mei bern. Fan de iene op de oare dei bin ik opholden. Sa bin ik. At it net mear goed fielt, dan hâld ik der mei op.”
“Ik wol oan mysels bewize dat at ik wat wol, it my slagget”
Inmiddels werkt ze als fotograaf, is ze moeder van drie kinderen, ‘momfluencer’ en sinds kort eigenaar van haar eigen laserkliniek. “Ik wol oan mysels bewize dat at ik wat wol, it my slagget. Oars as eartiids sykje ik útdaging yn myn wurk en lear ik graach nije dingen. Sa ûnderfûn ik dat minsken myn Instagramakkount ynteressant fûnen sagau’t ik bern krige.” Ze ziet haar bereik dan ook per geboorte stijgen. Andere moeders willen weten waar ze dat schattige jurkje heeft gekocht en wat voor eten zij haar baby geeft. En dan komen ook de adverteerders om de hoek kijken.
Boartseguod promoatsje op fekânsje
“Advertearders sjogge dat myn folgers fan alles witte wolle oer bepaalde klean en produkten dy’t ik foar ús bern keapje. Dêr sjogge sy in fertsjinmodel yn. Sy benaderje my mei de fraach of ik har produkten fergees oanpriizgje kin, sadat oaren it keapje. Yn it begjin gong ik op hast alle fersiken yn, mar no sjoch ik hoefolle tiid it kostet om produkten te promoatsjen. Dêrom doch ik no foaral gearwurkings dy’t by myn dagelikse libben pasje. Op fekânsje ha ik in koffer fol mei klean en boartesguod mei dat ik promoatsje moat. It wurk giet altyd troch. Myn man en bern witte yntusken net better as heart it by myn dei.”
“Ik wol dwaan wat op dit momint by my past”
“Minsken dy’t my folgje fine it leuk om te sjen hoe’t myn man en ik omgean mei ús bern. Dat fyn ik in moai komplimint. Dat ik oaren ynspirearje. Foaral omdat guon minsken tochten dat ik neat berikke soe. Inmiddels heeft ze naast haar werk als Influencer ook haar eigen laserkliniek geopend. “Ik wol net yn in hokje stopt wurde en fjirtich jier by itselde bedriuw wurkje. Ik wol dwaan wat op dit momint by my past. No fyn ik dit leuk en wat ik letter wol sjoch ik dan wol wer.
“At ik wat yn’e holle ha, dan gebeurt it no”
Ik bin net bang om in ferkearde kar te meitsjen, want at ik my der net mear goed by fiel, dan doch ik wat oars. Dat fine oaren miskien ympulsyf en dat is ek sa. Ik bin net fan it plannen. At ik wat yn’e holle ha, dan gebeurt it no. Sa woe ik altyd jong mem wurde en op myn 24ste fielde dat it goeie momint. Gelokkich stie myn man der ek sa yn. Ik wol graach fit en enerzjyk wêze foar ús bern. Ik wol alles meimeitsje. Us mem krige my doe’t sy 38 wie. Dat fûn ik redelik âld en woe ik sels oars. Ek al makket it net út. Miskien fine ús bern it aanst net leuk dat se sa’n jonge mem hawwe.”
“Moast it gewoan dwaan”
Dat sommigen een mening over haar hebben, merkt ze aan reacties die ze soms via social media of op straat ontvangt. Ze stellen dat ze jong moeder is geworden en dat het zonde is dat ze niet eerst voor haar carrière is gegaan. Zelf zit ze daar niet mee. “Minsken fine altyd oeral wat fan. Ik krij ek faak te hearren fan oaren dat sy it stoer fine dat at ik wat wol, ik it ek doch. Ik ha in idee, ik fertel der oer en ik doch it. Dan sizze sy; ik woe dat ik dat koe. Dat kinst do ek, sis ik dan. Moast it gewoan dwaan. Mar de stap doare minsken faak net te nimmen. Ik doch dat wol. Ik fyn it belangriker dat ik it probearje dan dat it slagget. En wat in oar derfan fynt makket my neat út. Ik tink altyd, we sjogge it wol. En meastal pakt it wol sa út sa as ik hope hie.”
Tekst: Gianna Posteraro
Foto’s: Jelly Mellema












