In bedrijf

Swartblesskiep útroppen ta ras fan it jier. Oprop oan fokkers en hâlders: Lit fan jim hearre!

Door: Ynte Dragt

ALDEGEA DFM - Yn 2025 is it swartblesskiep troch de Stichting Zeldzame Huisdierrassen útroppen ta ras fan it jier. “Dit is fansels in moaie earetitel dy’t útgiet nei alle belutsen fokkers fan hjoed-de-dei, út it ferline én alle fokkers fan de takomst”, fertelt Wiepke Lam fan Fokcentrum Frylam út Aldegea

Swartbles skiep
Swartbles skiep Foto: Wiepke Lam

Neffens Lam kin dit moaie skiepperas net sûnder har fokkers en hâlders. “Dêrom fuortendaliks in oprop oan alle, takomstige, fokkers en hâlders; lit fan jim hearre. As stamboekferiening ‘Zwartbles-Fokkersgroep’ wol wy graach witte wêr’t swartblesskiep holden wurdt dy’t (noch) net ynskreaun stean yn it stamboek. Foar it behâld fan it ras is it tige wichtich safolle mooglik skiep te registrearjen. Elts skiep telt!”

Hulpstamboek

By de stamboekferiening kinne alle froulike skiep ynskreaun wurde, oft hja no swart, wyt, blau as mei swartblestekening binne. Dizze skiep komme yn it saneamde Hulpstamboek. Troch fan dan ôf te fokken mei in stamboekraam, komt eltse nije generaasje wer in stapke tichterby it predikaat Stamboek. Der sil dit jier yn ferskate media ekstra omtinken wêze foar it swartblesskiep om it ras en har goeie kwaliteiten wer wat op de foargrûn te krijen.


Swartbles skiep - Foto: Wiepke Lam

Frysk ras

It swartblesskiep is bot besibbe oan Fryslân. It ras is sels ûntstien yn ús provinsje. Moderne DNA-testen litte sjen dat it swartblesskiep meinammen ûntstien is út it Frysk molkskiep en it Tekselske skiep. Der binne hjir en dêr ek wat oare rassen fan ynfloed west mar it ras is net ûntstien út it Schoonebekerheideskiep sa’t lang tocht waard.

It Centrum voor Genetische bronnen Nederland yn Wageningen sil dit jier wer in populaasje analyse útfiere om te sjen hoe’t it mei de stân fan it ras is. Hjir sil sjoen wurde nei it tal fokskiep, dekrammen en de hichte fan it yntieltpersintage. Al dizze faktoaren sizze wat oer de takomst-bestindichheid fan in ras.

Ramlambespreekdag

Wiepke Lam: “As fokkers wolle wy alles út de kast helje om dit moaie skiepperas foar de takomst te behâlden. De Zwartbles-Fokkersgroep is trouwens njonken in aktyf stamboek ek in tige geselliche feriening. Jierliks hâlde wy meardere gearkomsten wer’t fansels in soad praten wurdt oer skiep. Op bygelyks de ramlambespreekdag beprate wy hokker raam wy de bêste fine en by hokfoar skiep hy it bêste pasje soe om foarút gean te kinnen yn de fokkerij. Elts kin dan frij-út in miening jaan oer harren nûmer ien fan dy dei.”

De leden bliuwe mei-inoar ferbûn troch it moderne klubblêd, de Whatsappgroep as ek op Facebook. Mear ynformaasje? Sjoch de webside fan de Zwartbles-Fokkersgroep.


Swartbles skiep - Foto: Wiepke Lam