Wegrestaurant Spannenburg serveert Hollandse pot maar geen Kale Kak
Wegrestaurant Spannenburg

‘Wegrestaurant Spannenburg, op een steenworpafstand van de beroemde Toren van Tjerkgaast die gebouwd is voor telecommunicatie en radio-uitzendingen, wordt al weer bijna 14 jaar gerund door het echtpaar Oene en Aagje Tjalsma. Ontzettend aardige mensen die vijf dagen per week chauffeurs een thuisgevoel geven, waar ze kunnen douchen, eten en uitrusten. Een echt truckerrestaurant waar nog een oerdegelijke Hollandse pot op tafel komt. Soep vooraf, daarna drie soorten aardappelen: gekookt, gebakken of patat. “Juster koene se dêr ek wer út kieze, as griente hiene we sprútsjes of reade koal, mei in stikje kofleis en karamelfla nei. Ien ding serveare we hjir net en dat is Kâlde Kak”, is Oene Tjalsma (55) duidelijk.
Het zat Tjalsma niet bepaald mee dat veel van zijn werkgevers failliet gingen of wegens de crisis in moesten krimpen. De harde werker had banen in o.a. de vlees verwerkende industrie, waarvan de laatste werkgever Van der Meulen in Wolvega was, totdat ook daar geen werk meer voor Oene was.
Elke werkdag zo’n 25 tot 35 chauffeurs
“We wennen yn Jiskehúzen en Spannenburg stie te keap, it hie al in skoft leech stien en wie al aardich ferwaarloadst. Ik sei tsjin de frou ‘dit keapje we’. Iderien ferkleare my foar gek, mar dat wist ik al. De keap gong wol troch. We hawwe it restaurant opknapt en wer iepen dien, we krigen in hiel oar libben mar ik bin der altyd fan oertsjûge west dat der foar earlike hannel altyd wurk oer bliuwt, al is de krisis noch sa grut. Ek hjir moatte we der hurd foar wurkje, mar dat moast ik yn de fleisyndustry ek, dat hindert niks”, ziet Tjalsma nu terug.
“Foarhinne wiene wij de hiele dei iepen, mar trochdat der oerdeis hast gjin minsken komme binne we dêr al gau mei opholden. Yn’e weekeins binne wy ek ticht. Op wurkdagen gean we om trije oere iepen. Tsjin fiven komme de earste frachtweinsjauffeurs dy’t hjir ite en wer fierder gean. Dat hinget fan de rijtiden ôf. In oere letter, sa tsjin seizen komme de earsten dy’t stean bliuwe. Meastal sa’n 25 oant 35 frachtauto’s. At se binnen komme kinne se hjir dûze, se ite hjir en sliepe nachts yn’e auto. Moarns om fiif oere binne we wer iepen en dan komme se foar it ontbijt en gean se wer fierder.”
Het dagmenu waar de chauffeurs uit kunnen kiezen bestaat hoofdzakelijk uit Nederlandse kost. De chauffeurs kunnen tot ongeveer tien uur eten. Afhankelijk hoe het verloopt.
Huiskamer voor chauffeurs
“De âldere sjauffeurs kinne oan ’e lange tafel sitte en dy prate mei elkoar of sitte te krantlêzen en de jeugd docht krekt as Oeral dy sitte te kastjedrukken yn in hoekje”, vertelt Oene. “We sjogge dit as in húskeamer foar de sjauffeurs”, vult zijn vrouw Aagje aan. “De sjauffeurs dy’t hjir komme is noflik folk, goed is goed, sa ûngefear. Iderien it 100% nei’t sin meitsje slagget fansels net, want at je it al dogge binne je in allemansfrynd. En in allemansfrynd is in mieningloas mins”, weet Oene.
“De minsken dy’t hjir komme gean fansels net út iten, it is ek net te fergelykjen mei welk oare foarm fan horeka dan ek. De minsken binne mei har wurk dwaande, se binne fan moandei oant freeds fanhûs. Se moatte 11 oere rust meitsje en moatte ek gewoan dûse, ite en sliepe”, legt Oene uit.
Aagje, die vroeger in de thuiszorg werkte, is degene die kookt. “Oan’e ein fan’e wike binne de sjauffeurs meastal wat út de jirpels en dan komt der faak nasi en macaroni op tafel. Se binne hiel maklik, at de fanillefla op is dan nimme se de karamel wol of wat oars”, typeert Aagje de chauffeurs. De 25 tot 35 chauffeurs die Spannenburg aan doen, komen uit een groep van 300 truckers, waarvan het echtpaar Tjalsma sommigen twee keer per week ziet en andere zien ze soms weken niet. Het hangt van de rit af waar de Nederlandse, Belgische, Duitse of Zwitsers heen moeten met hun lading. Chauffeurs zitten vaak met elkaar in een app-groep en weten zo hun favoriete restaurant wel te vinden. De groep van Spannenburg groeit nog steeds.
In de loop van de jaren is er met verschillende chauffeurs een band opgebouwd en Oene vertelt over een van de mannen die darmkanker heeft. Nu deze man niet meer op de vrachtauto zit, wordt hij regelmatig gebeld door Oene. Er zijn echter ook genoeg klanten waar die band er niet is. De Tjalsma’s zullen zich zeker niet opdringen. Het restaurant is van 1960 en het huis er achter stamt uit 1973.
“Der binne transportbedriuwen bij fan fiifhûndert of noch mear frachtweinen. At ik dan freegje hoe’t it mei Kees is dan witte se faak net welke Kees ik bedoel. Ik fyn truckers noflik folk, wêr’t wolris onnoadich tsjinoan skopt wurdt. Wa jout no in frachtwein noch foarang? Wa wachtet bij in rotonde op in frachtauto? At de oare wechgebrúkers wat mear om de frachtweinen tochten, dan wie de helte fan de files oplost. Dy minsken kinne gewoan net sa hurd, se hawwe tritich ton fracht bij har. Mar at sij der net wiene, dan siten wij hjir no sûnder kofje”, is horecaman Tjalsma van mening.
Gastvrijheid hebben Oene en Aagje, die de ouders zijn van twee volwassen kinderen, hoog in het vaandel staan. “In moanne of wat lyn belle in sjauffeur de jûns om 11 oere dat der mei syn frachtwein yn’e ûnderwâl siet: ‘Ik kan niet op tijd voor het eten zijn!’ Tsjin sa’n man kinne je dochs net sizze dat der gjin iten mear is?!”
Tekst en foto Henk van der Veer








