Chris van Hes FNP-listlûker foar gemeenteferkiezings
DE FRYSKE MARREN - De FNP-ledegearkomste hat Chris van Hes unanym keazen as listlûker foar de gemeenteferkiezings fan maart 2026. Chris is al hast syn hiele libben polityk aktyf. Op syn 21ste waard er gemeenteriedslid fan De Fryske Marren, in funksje dy’t er twa riedsperioaden ferfolle. Yn dizze riedsperioade is er wethâlder.
Neffens him is De Fryske Marren de moaiste regio fan Fryslân, dêr’t er graach syn skouders ûnder setten bliuwt. De mienskip leit him tige nei oan it hert, krekt as ien fan de grutte útdagings fan dizze tiid: it tekoart oan wenten. FNP: “As wethâlder set Van Hes him op it stuit folslein yn foar safolle mooglik nije huzen, passend by de winsken fan eltsenien. Ek hat er in ambisjeus en folweardich Frysk taalbelied fêststelle litten.”

Fan alle merken thús
De FNP-list foar 2026 biedt, sa lit de partij witte, in breed ferskaat oan minsken: betûfte sprekkers en riedslju mei jierrenlange ûnderfining, mar ek in soad oanstoarmjend talint. “Jongeren mei in frisse blik en in soad enerzjy, dy’t helpe kinne om de jongerein mear by de gemeentlike polityk te belûken.”
Van Hes: “Fan Bakhuzen oant Vegelinsoard, manlju en froulju, boatbouwers, befeiligers, dosinten, kommunikaasje-eksperts, amtners, wittenskippers en pensjonado’s – wy binne fan alle merken thús. Mei-inoar binne wy ree om ferstannige besluten te nimmen foar it mienskiplik belang: romte sykje om it goeie petear te fieren, romte jaan oan duorsume ûntwikkelingen en romte hâlde foar wat ús dierber is.”












