Politiek

Sit Jobbegea Tredde Slûs op slot?

JOBBEGEA - De fraksje fan Heerenveen Lokaal yn de ried fan Hearrenfean hat foarige wike in oantal relevante fragen oan it kolleezje stelt oer de plannen foar de bou fan in appartemint en wenningen op de eardere lokaasje fan obs De Feart oan de Skoallewei op Jobbegea Tredde Slûs. 

Afbeelding

As FNP binne we benijd nei de antwurden op dizze fragen mar we ha ek noch in oantal oanfoljende fragen foar it kolleezje:

 ’Sa at út de plannen dy’t der no lizze bliken docht, en wêr HL fragen oer stelt hat, is mei de ynfolling fan it terrein fan de eardere lokaasje fan obs  De Feart,  útsein in inkelde lokaasje oan de Kamperfoelie, gjin romte mear foar de bou fan nije wenningen op de Tredde Slûs yn Jobbegea. Jobbegea Tredde Slûs komt hjir mei op slot te stean wylst út in rapport fan burea DE SWART fan begjin dit jier bliken docht dat de doarpen yn de gemeente Hearrenfean fan betinken binne dat it goed wêze soe dat der nije wenwiken realiseare wurde moatte omdat it oanbod fan keap en hierwenningen foar starters, eigen jonge en - âlde rein, no al, mar foaral yn de takomst te beheind is’ . De FNP wol fan it kolleezje dêrom graach in antwurd op de folgjende fragen:

  • Is it kolleezje it mei de FNP iens dat der op Jobbegea Tredde Slûs nei de ynfolling fan lokaasje De Feart gjin romte is foar nije plannen op it mêd fan wenningbou? It it kolleezje it mei de FNP iens dat Jobbegea Tredde Slûs hjirmei op slot komt te stean? Is it kolleezje it mei de FNP iens dat der op koarte
  •  termyn sjoen wurde moat nei nije útwreidingsplannen foar Jobbegea Tredde Slûs? (bygelyks troch it ûntwikkeling fan in nij plan of plannen oan
     de P.W. Janssenwei.)