Sport

Jeroen de Vries start Omloop fan Blauhûs

Blauhûs - Snein 28 april organisearret de Wielerkommisje Blauhûs alwer foar de 6e kear de ‘Omloop fan Blauhûs’. Organisator Koos Rijpma: “ferline jier wie in topjier mei mar leafst 125 dielnimmers, dat mei om my wol tradysje wurde”. Njonken de offisjele A en B kategory kin yn Blauhûs ek ‘opkommend talint’ meidwaan yn de C kategory.

Afbeelding
De start is sneintemiddei 4 oere. De rûte oer Wolsum, Abbegea, Westhim en de bochtige Himdyk is 10,5 km lang. A-fytsers ride de rûte 7x, B-fytsers 5x en C-fytsers 3x. It startskot wurdt ditkear fersoarge troch Alternative 11 - Stêdetocht winner Jeroen de Vries fan Sint Nyk, dy’t op it stuit trener – coach is fan reedridersploech Radson-Jinstal mei ûnder oare Douwe Bierma, Erwin Mesu en Fredrik Nauta yn de gelederen.

It publyk kin de wedstriid prima folgje, sawol by de start – finish yn Blauhûs, as oan de rûte. Omropper Rein Brandsma docht wer ferslach fanút de hege tsjerketoer fan Blauhûs, wêr hy rom sicht hat op in grut part fan it parkoers. Der binne snein foldwaande ferkearsregelaar op de baan. Frijwilliger Niek Regnery fan Abbegea: “de gearwurking mei de Blauhúster kommisje is prima. Sy helpe ús by de Boereloop en wy harren by de Omloop”.

It ynskriuwen snein yn Sportseal de Singel fan Blauhûs. Oan de rûte wurde lotten ferkocht, de opbringst giet nei Belarus Untwikkelingswurk. De priisútrikking wurdt dien troch Karnavals Page Berdien Galama. De Omloop wurdt organisearre yn gearwurking mei Wielervereniging Sneek en mei mooglik makke troch in grut tal sponsers en frijwilligers.

Afbeelding
Afbeelding
Afbeelding