"De Fytsalvestêdetocht is in echt mienskipsferhaal"
Omrop Fryslân-meiwurker Simone Scheffer docht foar de 30e en lêste kear live ferslach fan de Fytsalvestêdetocht. En foar dizze bysûndere gelegenheid keppelt se der in goed doel oan fêst, de Stichting Vrienden van Veldzicht yn Parregea.

Hiest yn ’t foar in idee oer it oantal kearen datst ferslach dwaan soest?
‘Wolnee. Earlik sein tocht ik dat ik nei de tsiende kear wol ophâlde soe. Mar dat ha ik net dien. Itselde jildt foar nei de tweintichste, mar it is stikem wat trochgien en no fyn ik it wol in goed momint."
Omdat?
"It is tiid foar in nije generaasje om it oer te nimmen."
Wurdt it te swier?
"Ik train der foar, boppedat roei ik in soad, dus de basis-kondysje is der wol. Dat nimt net wei dat je alle kearen in allemachtich seare kont krije, hear. 235 kilometer is gewoan in lang ein. Mar al sil ik gjin ferslach wer dwaan, dochs tink ik wol dat ik him noch fytsen bliuw. Ik bin in Boalserter, dat sit der gewoan yn."
Wat is de sjarme fan it evenemint?
‘It is echt in mienskipsferhaal. Je fytse troch de ferskate lânskippen fan Fryslân, oeral steane minsken oan de kant om je oan te moedigjen. It is gewoan genietsje. Dat is it belangrykste. En je binne dochs wol in bytsje de held fan de dei as je oer de finish komme."
Binne der edysjes dy’t dy bybleaun binne?
"Haha, de kearen mei striemin waar bliuwe wol yn de gedachten. Dy meitsje mear yndruk as wannear’t it maklik giet. Ik wit noch dat ik in kear mei myn soan Bartele fytste, it wie echt roetkâld en wy krigen in klapbân. Se ha ús op it lêst yn foly ynpakt, want wy koenen de waarmte net hâlde. Dat bliuwt je wol by. Trouwens, ek de jierren dat it net trochgean koe. De tongblierkrisis yn 2001, in kear as wat dat ik net koe troch wurk en omdat ik yn ferwachting wie en noch wat resinter troch de koroana."
Bist wolris útstapt?
"Nee, alle kearen dat ik meidien ha, ha ik him útriden. De earste jierren fytste ik faak allinnich, letter in oantal kearen mei in Belgyske jonge dy’t ik by de tocht troffen hie. En fansels mei myn soan op de tandem. Mar de swierste wie mei Henk Kroes, de âld-foarsitter fan de Alvestêdeferiening. Dy fytste krekt te hurd foar my en ik woe my net kenne litte. Man, man, dêr hie ik klauwen oan."
Binne der oerienkomsten mei de Slachtemaraton?
"Poeh, dat is in goede fraach. Persoanlik fûn ik de Slachte swierder. Boppedat rinne je troch in lytser part fan de provinsje en it giet folle stadiger. Mar ik tink dat it gefoel dat by de beide eveneminten oerhearsket wol mei elkoar te fergelykjen is. De Fytsalvestêdetocht bestiet fansels al folle langer, dy hat mear histoarje."
Ast werom sjochst op dy tritich ier ferslach, wat is der feroare?
"Goh, yn it begjin wienen der folle mear ‘gewoane’ fytsen en ek minsken dy’t yn gekke pakken fytsten om mar ris wat te neamen. Dan ha ik it oer de njoggentiger jierren. Tsjintwurdich sjochst in hiele soad goed trainde fytsers op djoer materiaal. Der rydt dy dei foar in fermogen oer de dyk. En se geane yn it generaal hurder. Ik rop wolris: 'Het is een toertocht!'"
Bist wolris fallen?
"Gelokkich net. Ik ha wol ûngelokken sjoen; yn grutte groepen fytse sit fansels wol in risiko yn. Yn de earste jierren hie ik ek gjin helm op, no hat eltsenien dat."
Dit wurdt dyn lêste ferslach. Wêrom in goed doel deroan keppelje?
"Omdat ik der in bytsje in eigen stimpel op drukke wol en in goed doel stypje past dêr wol by. Wy ha in oprop dien en dêr binne in soad reaksjes op kaam, wy ha de kar foar Stichting Vrienden van Veldzicht yn Parregea makke."
Wat dogge dy krekt?
"Veldzicht is in soarchbuorkerij en fersoarget deibesteging foar minsken mei demintsy en der is ek in útfanhûzers opfang foar jongerein mei bygelyks autisme of ADHD."
Mei de bydrage fan Simone wol de stichting Vrienden van Veldzicht in oanhinger oanskaffe foar efter de duofyts, sadat ek minsken dy’t sels net fytse kinne, dochs meikinne. Giften kinne jo jaan op www.teamsimone.nl.
Ta beslút: hast der nocht oan?
"Ja, it sil grif in bysûndere dei wurde mei hooplik in moaie opbringst foar it goede doel."
Kader:
Omrop Fryslân
De Fytsalvestêdetocht is dit jier ek wer de hiele dei te folgjen by Omrop Fryslân. Sawol op de radio as tv wurde jo fan acht oere moarns oant acht oere jûns troch in team fan likernôch tritich minsken op de hichte holden. Dit alles yn gearwurking mei Radio Spannenburg, Omroep Zilt en RTV NOF. Simone Scheffer sil foar de tritichste en lêste kear ferslach dwaan en dêrfoar de hiele dei folge wurde troch in motor mei in kameraman.


