112

Snits: Ping foar in soune Pong

SNITS - Op 15 novimber om 15.00 oere sil Ping Snits offisjeel iepene wurde troch wethâlder Andries Ekhart fan Snits en de direkteur fan de Kredytbank Nederlân, Ger Jaarsma. Op it ‘Werkplein Sneek’ oan de Marktstrjitte yn Snits.

Afbeelding
\n

Nei Ljouwert en Drachten hat Snits sûnt 1 novimber ek in Ping advyspunt. Ping is ít plak op it Werkplein yn Snits dêr’t minsken terjochte kinne foar advys op it mêd fan harren finânsjes. Yn dizze ûnwisse finansjele tiid sille in soad minsken te meitsjen krije mei ynkommensachterútgong. Ping wol dy minsken bystean mei praktyske ynformaasje en advys en sa foarkomme dat (grutte) finansjele problemen ûntsteane. De tsjinstferliening fan Ping is leechdrompelich, fergees en ûnôfhinklik.
\n\t
\n\tIn wiziging yn it ynkommen en it ûnfermogen om it útjeftepatroan dêr op oan te passen is ien fan de foarnaamste oarsaken fan finansjele problemen. Minsken besykje te lang sels in oplossing te finen foar harren problemen, of witte it paad nei reguliere helpferliening net te finen. Boppedat benutte in protte minsken net alle ynkommensmooglikheden. Dêrtroch kinne de swierrichheden grutter wurde en kinne sels skulden ûntstean. Ping wol dat safolle mooglik tefoaren komme. Troch in fêst plak yn te nimmen op it Werkplein wol Ping minsken útnoadigje om yntiids frijbliuwend advys te freegjen oer hoe’t it bêste omgongen wurde kin mei harren feroare ynkommenssituaasje.
\n\t
\n\tPing hat al twa goedrinnende fêstigingen yn Ljouwert en Drachten en is in mienskiplik inisjatyf fan de gemeente Snits, UWV Werkbedrijf en de Kredytbank Nederlân. Ping is mei ta stân kommen fia subsydzje fan de provinsje Fryslân.

\n

Nei Ljouwert en Drachten hat Snits sûnt 1 novimber ek in Ping advyspunt. Ping is ít plak op it Werkplein yn Snits dêr’t minsken terjochte kinne foar advys op it mêd fan harren finânsjes. Yn dizze ûnwisse finansjele tiid sille in soad minsken te meitsjen krije mei ynkommensachterútgong. Ping wol dy minsken bystean mei praktyske ynformaasje en advys en sa foarkomme dat (grutte) finansjele problemen ûntsteane. De tsjinstferliening fan Ping is leechdrompelich, fergees en ûnôfhinklik.
\t
\tIn wiziging yn it ynkommen en it ûnfermogen om it útjeftepatroan dêr op oan te passen is ien fan de foarnaamste oarsaken fan finansjele problemen. Minsken besykje te lang sels in oplossing te finen foar harren problemen, of witte it paad nei reguliere helpferliening net te finen. Boppedat benutte in protte minsken net alle ynkommensmooglikheden. Dêrtroch kinne de swierrichheden grutter wurde en kinne sels skulden ûntstean. Ping wol dat safolle mooglik tefoaren komme. Troch in fêst plak yn te nimmen op it Werkplein wol Ping minsken útnoadigje om yntiids frijbliuwend advys te freegjen oer hoe’t it bêste omgongen wurde kin mei harren feroare ynkommenssituaasje.
\t
\tPing hat al twa goedrinnende fêstigingen yn Ljouwert en Drachten en is in mienskiplik inisjatyf fan de gemeente Snits, UWV Werkbedrijf en de Kredytbank Nederlân. Ping is mei ta stân kommen fia subsydzje fan de provinsje Fryslân.

Afbeelding