Lintsjes L’diel foar Auke Deinum en Djoke Kooijmans
Wommels - By de jierlikse ‘lintsjesrein’, freedtemoarn 26 april, krigen Auke Deinum út Wjelsryp en Djoke Kooijmans-de Jong út Wommels ta harren ferrassing in Keninklike ûnderskieding. Beide waarden hja beneamd ta Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Djoke Kooijmans
Ek Djoke Kooijmans-de Jong (63 jier) set har op ferskate gebieten yn as frijwilliger. Al 17 jier stekt hja alle moannen as bestjoerslid en redakteur in protte oeren yn ‘Diggelfjoer’, de doarpskrante fan Wommels. Dêrneist is frou Kooijmans al 12 jier siktaris fan de Stichting Farm Friends en mei troch har ynset binne mear as 1200 kij oerdroegen oan Tanzaniaanske boeren. Fierder wie hja 6 jier bestjoers- en kommisjelid fan Tennisferiening De Boskrânne yn Wommels, 3 jier dêr fan as foarsitter. Hja droech by oan de privatisearring fan de tennisbanen, it oanlizzen fan in tredde baan en hja rjochte de baankommisje op. Se wie ek 6 jier lang siktaris fan de kristlike muzykferiening Euphonia, wêr’t hja neist de siktariële taken konserten en aksjes organisearre om jild foar de feriening te winnen. Ta beslút wie Djoke Kooijmans noch 4 jier aktyf as algemien bestjoerslid en siktaris foar de Rie fan Tasicht fan Ritmyk, it sintrum foar keunst yn de gemeenten Littenseradiel, Harns en Frjentsjerteradiel.
Lintsjes
Beide decorandi waarden mei falske ferlechjes nei it gemeentehûs lokke wêr’t de riedsseal fol mei famylje en freonen siet. Nei har taspraak, spjelde boargemaster Johanneke Liemburg Auke Deinum en Djoke Kooijmans-de Jong de lintsjes op.













