Algemeen

Rommelmerk foar Blauhúster Tjerketoer

Blauhûs - Sneon 15 juny organisearret de restauraasje kommisje fan de Blauhúster Sint Vitus Tsjerke in Rommelmerk en ferskate oare aktiviteiten. It doel is safolle mooglik jild byinoar te krijen foar de restauraasje fan de tsjerketoer. In rommelmerke lûkt altyd in protte folk. In grutte groep frijwilligers hat dizze wike alle materiaal ynsammele, skiften en útstald.

Afbeelding

Njonken de ‘rommel’ binne der ek bysûndere blomstikken, skilderijen, nije mapkes mei skildere ansichtkaarten fan Blauhús en kreaasjes út it Brei-kafee te keap. Ek it draaiend rad, spultsjes foar de bern en fleurige muzyk ûntbrekke net. In grutte groep bern sil Sponsor Springe en minsken sûnder hichtefrees meie de toer beklimme, de dei wurdt ôfsluten mei in wedstriid ‘Toer Bouwen’ fan kratten troch Keten en Bedriuwen.

De monumintale Blauhúster tsjerke mei toer is, krekt as it Ryksmuseum en Sintraal Stasjon Amsterdam, in ûntwerp fan arzjitekt Pierre Cuypers en stiet al sûnt 1870 as beaken yn it Fryske Lânskip. Fise foarsitter fan it bestjoer Michiel Zeinstra: “Mei namme de foegen fan de toer wurde hurd minder en moatte oanpakt wurde, dat kost wol in pear spikers fansels en langer wachtsje is gjin opsje. Want sis no earlik wat is Blauhûs sûnder syn markante toer?!”.

Lid fan de restauraasjekommisje en boukundige Jan Landman: “Ek de izeren ankers, dy’t de houten balken teplak hâlde, moatte behannele wurde en der is it noadige skilderwurk te dwaan, al mei al in hiele put wurk”. De steigers steane al om de toer en inkele lokale oannimmers binne al los mei it wurk.

De rommelmerk is sneon 15 juny fan moarns 10 oant middeis 5 oere yn de pastorytún. Blauhûs is der klear foar en hat de kofje klear.

Afbeelding
Afbeelding
Afbeelding