Sport

Keningsrit Omloop fan Blauhûs

Blauhûs - Snein 27 april, op de 47e jierdei fan Kening Willem-Alexander, organisearret de Wielervereniging Snits tegearre mei Wielerkommisje Blauhûs alwer foar de 7e kear de ‘Omloop fan Blauhûs’. De start is middeis 4 oere yn it sintrum fan Blauhûs. It parkoers is 10,5 km lang en giet fan Blauhûs oer Wolsum, Abbegea, Westhim wer nei Blauhûs, wêrfan de lêste 3 kilometer oer de fraaie hege en bochtige Himdyk.

Afbeelding

In goed oere fóar de start fan de offisjele A, B en C senioaren is der dit jier foar it earst yn Blauhûs ek in wedstriid foar de jeugd yn trije leeftiidsgroepen tusken de 8 en 14 jier. De A, B en C senioaren fytse repektivilik 73, 53 en 33 km. De jeugd 33, 22 of 11 km.

In heit fan ien fan de jeugdfytsers: “U ziet zondag de jeugd fietsen die het nog doen op een bruine boterham met pindakaas en limonade in de bidon, in plaats van een uitgebalanceerd vitaminedrankje vol met snelle suikers”. Organisator Koos Rijpma: “Der sitte fêst in pear opfolgers fan Niki Terpstra, Bauke Mollema of Marianne Vos tusken”. De wrâldferneamde Blauhúster Johannes Rypma docht ferslach fan de wedstriid fanút de hege tsjerketoer fan Blauhûs, wêr hy rom sicht hat op in grut part fan it parkoers.

De organisaasje advisearret dielnimmers en publyk om fia Tsjerkwerd nei Blauhûs te kommen. Bestjoerslid Evert Zijlstra: “Der binne snein foldwaande deskundige ferkearsregelaar op de baan”. It publyk kin de wedstriid prima folgje, sawol by de start – finish yn Blauhûs, as oan de rûte. Oan de rûte wurde lotten ferkocht, de opbringst giet nei Fanfare Blauwhuis.

It ynskriuwen fia www.wvsnits.nl en yn Sportseal ‘De Singel’ fan Blauhûs. De priisútrikking fan de Wielerronde wurdt fersoarge troch de Blauhúster Karnavals-Page Berber Witteveen.

Afbeelding