En zondag om 15:00 uur komt Johannes bij @GlazenhuisSneek.
De foarsitters fan de Doarpsbelangen felisitearden Johannes en seinen o sa grutsk te wêzen dat hy ien fan harren is. De maten fan Keet de Skuorre hienen de moaiste TV mominten op in rychje setten en lieten dy, tusken de huldigingen troch, sjen. Boargemaster Hayo Apotheker fan de gemeente Súdwest-Fryslân felisearre Johannes ‘do bist no de bekendste ynwenner fan ús gemeente’, en oerlange Johannes in CD Box mei 100 beste Rock and Roll nûmers.
Tuskentroch wienen der ynterviews troch Hartman Witteveen mei de pakes en beppes, maten út de Keet en gasten yn de seal. It pleatslike dweilorkest De Swalkers brochten in aubade oan harren trombonist. De middei is ôfsluten mei ‘De mem fan Doutsen’ troch wa oars as Johannes mei syn band.Nei it offisjele barren naam Johannes rom de tiid foar syn fans om hantekeningen út te dielen en mei op de foto te gean.