Heeg - Tryater spile Stamppot Schmidt twa jier lyn mei in protte sukses. In ferfolch wie net te kearen. Augurken, feeën en stofsûgers sille noait mear itselde wêze nei it sjen fan dizze foarstelling. De ûnferjitlike lietteksten (gedichten fan Annie M.G. Schmidt) binne nei ôfrin nei te lêzen yn itprogrammaboekje.
MFC It Heechhus // Freed 15 feb. oanfang om 19.30 // Yntree: € 10,00// bern 6 o/m 18: € 7,50
Stamppot Schmidt is foar bern(6+), mar benammen ek foar folwoeksenen! “Saldery! Salderij!” Hoera! It is sa fier! De Kommisje Ta Fersterking Fan Fersprieding Fan Ferskes Fan Annie M.G. Schmidt (Yn It Frysk) is ree fûn om de minsken te learen hoe’t se stamppot meitsje moatte. Kommisjeleden Koos en Klaas (en Kees) stampe herten, fluittsjetteltsjes en in grut tal muoikes en Royalty ta ien Grutte Panne Mei Poëzy. (Lit dat mar oan har oer). Mei har sizze wy: Hoerakatee! En Skep Nochris Op! Want hoefolle wurden kensto eins yn it Frysk?