Cultuur en uitgaan

Jubilerende theaterploeg Probe in It Heechhus

Heeg - Teaterploech Probe (mei u.o. Heechemer Elske Roorda) bestiet 15 jier. Begûn in 1997 by it amateurteater-festival yn De Lawei yn Drachten, hat de groep sa’n tritich ienakters spile. It bysûndere fan Probe is dat it in ‘spilersploech’ is dy’t eltse kear sels har regisseur útsiket en dat altyd op syk is nei oansprekkend, nijsgjirrich toaniel-repertoire.

Afbeelding
Koarte ynhâld: Trije freondinnen kenne mekoar sûnt harren stúdzjetiid. Se binne no omtrint de fyftich foarby. Bern de doar út, midlife krises oerlibbe, wat no? Hoe sjocht harren takomst der út? Hoe libbet in minske nei de ein ta?Om dit skrikbyld fan in fersoargingstehûs foar te wêzen fetsje se it plan op om mei harren partners yn ien grut hûs te wenjen. Mar hoe giet soks? In skieding, in ûngemak, in geskink út de himel. Foar dit jubileum frege Probe oan Hans Brans om spesjaal foar de ploech in koart, jûnfoljend stik te skriuwen. “Dochsto it ljocht út?” It is in like kluchtich as romantysk en ‘earnstich’ drama oer in aktueel ûnderwerp, yn in tiid fan noed om de sûnenssoarch en de húsfestingsproblematyk fan hjoeddedei. Yn seis tafrielen wrakselje seis personaazjes har troch de tiid mei jong bliuwen, âld wurden en de moed deryn te hâlden

Der giet in soad mis. En der bard in protte moais. Yn seis tafrielen – de iene kear kluchtich, de oare kear wrang – wrakselje seis personaazjes har troch de tiid yn in drama dat werkenber, ferrassend en somtiden pynlik is, mar dat benammen bedoeld is om te gnizen om it libben en de dea.

    \t
  • Teaterploech Probe: “Dochsto it ljocht út?’’
  • \t
  • Heechhus Heech
  • \t
  • Freed 1 maart oanfang 20.00 oere.
  • \t
  • Yntree: € 10,00
Afbeelding