Revu ‘Sneek Skittert! kriget yn 2027 in ferfolch; tenei om it jier!
SNITS - De revu Sneek Skittert! fan toanielselskip Teater Snits kriget yn 2027 in ferfolch. De revu sil tenei om it jier spile wurde. Dat hat it toanielselskip dizze wike bekendmakke op syn ledegearkomste. Sneek Skittert! wie yn jannewaris te sjen yn Theater Sneek as jubileumfoarstelling fan Teater Snits. It selskip bestiet 175 jier.

Sneek Skittert! wie in teäterstik mei fleurige sketskes, muzyk en dûns weryn’t it wel en wee fan Snits en omkriten sintraal stie. Neist spilers fan Teater Snits, wurken sjongers, muzikanten en ferienings út de gemeente Súdwest-Fryslân mei, lyk as sjonger Thierry Kamminga, shantykoar De Brûskoppen en ATC Sneek.
Sukses
Mei fiif foarstellings luts de revu 2500 besikers. De reaksjes op Sneek Skittert! wiene tige posityf. ,,Der is ferlet fan in teäterstik oer de stêd Snits. In revu soarget foar ferbining, tusken de besikers en binnen it ferieningslibben fan Snits”, seit foarsitter Folkert Sybrandy. ,,Dêrom wolle wy der mei trochgean. Alle jierren sa’n grutte produksje delsette is te folle foar ús as lytse feriening, mar om it jier moat slagje.”
Jubileum Teater Snits
Toanielselskip Teater Snits bestiet yn 2025 175 jier. Yn dy jierren hat it selskip tsientallen toanielstikken en ferskate iepenloftspullen opfierd. Ek fersoarge it selskip de suksesfolle Bonte Sneeker Avenden. Sneek Skittert! wie de ôftraap fan it jubileumjier. Ek hawwe der yn april teäterdiners west by restaurant Onder de Linden. Ek dit evenemint kriget in ferfolch.
Jubileumfeest yn septimber
Teater Snits slút syn jubileumjier ôf mei in feestlike reüny op sneon 6 septimber yn Lokaal 55 yn Snits. De jûn is bedoeld foar elkenien dy’t belutsen is by Teater Snits of dat yn it ferline west hat, lyk as spilers, regisseurs en âld-bestjoersleden. Yn koarten is mear ynformaasje te finen op ús webside en de socials fan Teater Snits.
Revue ‘Sneek Skittert!’ krijgt een vervolg
De succesvolle revue ‘Sneek Skittert!’ van Toneelvereniging Teater Snits krijgt in 2027 een vervolg. Voortaan wordt de revue om het jaar opgevoerd. De eerste editie vond plaats in januari als start van het 175-jarig jubileum van de vereniging. De voorstelling, met muziek, dans en sketches over het leven in en rond Sneek, werd uitgevoerd met hulp van lokale artiesten en verenigingen. Met 2500 bezoekers en veel positieve reacties heeft Teater Snits besloten ermee door te gaan. Het jubileumjaar wordt afgesloten met een feestelijke reünie op 6 september in Lokaal 55.













