Toanielstik ‘Fanny en Marius’ yn Theater Sneek
SNITS- Op 28 en 29 april spilet Toanielploech Teater Snits it stik ‘Fanny en Marius’ om 20.15 oere yn Theater Sneek. Skreaun troch de Frânsman Marcel Pagnol, oerset yn it Frysk troch Anneke Burgy. De regy is yn hannen fan Bruun Kuijt.

Ynhâld fan it stik
Hoefolle ferhalen bestean der net oer leafde. De Frânske Marcel Pagnol hat der ferskate op syn namme stean. Moaie films sa as Jean de la Floret en Manon des Sources bewize hoe moai syn ferhalen binne. Fanny en Marius is der ek sa’n ien. Oer twa jonge minsken dy’t foar elkoar bestimd binne, mar beide ek noch oare winsken ha. Sa as Marius, dy’t neat leaver wol as farre. En Fanny, dy’t eins in libben fol rykdom winsket. En dan hawwe wy Cesar, de heit fan Marius, dy’t syn soan as de folgjende eigner sjocht fan syn kafee yn Marseille. En Panisse, in bemiddelde fyftiger, dy’t sa graach in soan ha wol. Honorine, de mem fan Fanny, dy’t bang is dat har dochter ferkearde karren meitsje sil. Le Brun, de douanier, dy’t sa graach graaft yn de libbens fan oaren. Koartsein, in wrâld fol werkenning.
Wêrom dit stik?
Regisseur Bruun Kuijt seach Fanny en Marius earder yn in útfiering fan Suburbia yn Almere. ,,Ik tocht daliks : hjir hie ik ek wol yn spylje wollen. It is in hearlik spielstik mei werkenbere sitewaasjes en personaazjes. Mar spile yn it Marseille fan 80 à 90 jier lyn. Dy ôfstân makket ek dat we fuort dreame kinne yn in wrâld dy’t west hat.” Marcel Pagnol hat mei Fanny en Marius in skitterend toanielstik skreaun. Kuijt: ,,Mei in skitterend ferhaal oer leafde , twifel en opoffering. Fol emoasje, mar ek seker mei humor. Koartsein, in hearlike toanieljûn geskikt foar elkenien. Friezen hâlde fan moaie ferhalen, dat wit ik út myn jierrenlange ûnderfining by Tryater. Dit is krekt in stik foar Teater Snits, mei spilers dy’t it wiermeitsje.”
Troch wa
Spilers: Mayra Hondema, Matthie Silvius, Chris Marijt, Marius den Otter, Theo Jager, Piet Wenings, Dennis Visser, Egbert Abbink, Folkert Sijbrandij en Dennis Visser.
Regisseur: Bruun Kuijt, regisseur fan û.o. musical Titus (2019) yn Dokkum, de priiswinnende femyljefoarstelling IEP! en produksjes fan Tryater en JMTeaterwurk.
Kuijt wurdt bystien troch Tjitske Kuipers.












