Hanneke de Jong skriuwt Aksjeboek foar Bern 2018
Oer de skriuwer en yllustrator: Hanneke de Jong (1952) skriuwt berne- en jeugdboeken yn it Frysk en it Nederlânsk, lykas De lêste brief/De laatste brief (2001, mei in earfolle fermelding fan de ‘Zoenjury’), Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen/Dertien dagen om een spetterend feest te organiseren (2013, Simke Kloostermanpriis), Wês net bang (2016, it wier barde ferhaal oer in santjinjierrich famke dat flechtet út Syrië fanwege de oarloch) en Heksegrytta (2017).

Linda de Haan (1976) yllustrearret foar printeboeken, tydskriften, les- en lêsboeken en it berneprogramma Fratsen fan Omrop Fryslân. Sels makket se ek printeboeken wêrfan it boek Kening & Kening dat se tegearre makke mei Stern Nijland yn tsien talen ferskynd is.







