
Snits - Op freed 25 en sneon 26 jannewaris spilet Teater Snits it toanielstik” Koartsluting” fan Haye van der Heyden en oerset troch Tryntsje van der Zee de rezjy is yn hannen fan Dirk de Vries. Omdat it de earste kear is dat de Snitser toanielploech yn it nije Theater spilet wurdt it in wat feestlik barren. Op beide jûnen is der nei ôfrin dûnsjen yn de foyer fan Theater Sneek.
De earste jûn wurdt de múzyk fersoarge troch Petje Af en op de twadde jûn spilet ‘Just Us’. Oanfan fan de foarstellingen: 20.15 oere, seal iepen om 19.45 oere.












