Fiif nominearren Gysbert Japicxpriis 2019
De nominearren binne (yn alfabetyske folchoarder):

Skriuwer: Hein Jaap Hilarides (foto) Titel: De trekker fan Troje Utjouwer: Bornmeer Skriuwster: Aggie van der Meer Titel: De Achttjin Utjouwer: Afûk Skriuwster: Elske Schotanus Titel: Wurk Utjouwer: Afûk Skriuwer: Nyk de Vries Titel: Renger Utjouwer: Afûk Skriuwer: Ale S. van Zandbergen Titel: Famke famke Utjouwer: Het Nieuwe Kanaal
Sjuery
De nominearren binne selektearre troch in ûnôfhinklike sjuery. Grytsje Schaaf, Houkje Rijpstra en Atte Jongstra beoardielen 70 Fryske proazaboeken út de perioade 2015 – 2018.
De Gysbert Japicxpriis is de meast wichtige priis fan de Fryske literatuer. De winner fan de Gysbert Japicxpriis ûntfangt in bedrach fan € 10.000,- en in oarkonde. De namme ferwiist nei de Fryske dichter Gysbert Japicx, berne yn Boalsert. De priis waard yn 1947 ynsteld troch it provinsjaal bestjoer. Dichter Obe Postma wie yn dat jier de earste winner fan de Gysbert Japicxpriis.
Foto: Henk van der Veer













