Cultuur en uitgaan

SULT spilet It Grutte Swijen yn april/maaie 2021

KOUDUM- Lykas safolle foarstellingen hat ek Teatergroep SULT beslute moaten har foarstelling te ferpleatsen nei in letter stuit. Der is besletten om it stik It Grutte Swijen yn april en maaie te spyljen yn Koudum.

Afbeelding

“We hawwe earst de lêste Koroana-ûntwikkelingen noch ôfwachte foar’t we in definitive kar makken”, seit Pieter Stellingwerf, artistyk lieder fan SULT. “Der is keazen om dizze foarstelling It Grutte Swijen, dat him yn de twadde wrâldoarloch ôfspile, te spyljen yn april en maaie. Dat is dochs de tiid dat we betinke en de frijheid fiere.”

Yn It Grutte Swijen stiet it swijen sintraal. In ferrieder wurdt yn de lêste winter fan de twadde wrâldoarloch deasjitten troch it ferset. De belutsenen swarden dêr noait wer oer te praten, mei gjinien! Yn teätrale monologen fertelle trije frouwen wat dit heftige barren foar harren betsjutte en yn harren fierdere libben te’weech brocht. It publyk wurdt yn lytse groepen nei de ferskillende lokaasjes brocht dêr’t de monologen plakhawwe. By it lêste bedriuw, it fertellen fan it ferhaal en de ûndersyksresultaten troch Jan de Vries, komt it publyk mei-inoar op ien lokaasje.

De spyldatums binne: 15-16-17-18 22-23-24-25 april en 29-30 april en 1 maaie 2021. Foar mear ynformaasje en kaartferkeap sjoch www.teatergroepsult.nl