35e Nijjiersrevu yn oktober, Revu de Jouwer in smûk lyts feestje
DE JOUWER - It skript leit al skoften klear. Yn 2020 wie de Jouster Nijjiersrevu-ploech hjir al mei útein setten. Mar ja, Koroana... It fieren fan harren 35e jubileum koe net plakfine foar in seal fol folk. Op harren eigen kreative wize brocht Stichting Nijjiersrevu de Jouwer de revu by de minsken thús: hja brochten in spesjale jubileumkrante út.

Yn 2021 gie de ploech der op ‘e nij tsjinoan. Hja wiene oan de saneamde trochrinnen ta en doe gie it lân yn desimer wer yn “lock-down”. Wat in teloarstelling. Dat wie doe. Hoe’t it dit winterskoft ferrinne sil mei Koroana wit fansels nimmen. Dêrom én omdat de revuploech hast net mear wachtsje kin om de 35e Revu foar it fuotljocht te bringen ha se besletten der dizze kear in Neijiersrevu fan te meitsjen. Foar it earst yn de skiednis fan de Nijjiersrevu fan de Jouwer sille de foarstellingen yn oktober it poadium fine.
It moat in smûk lyts feestje wurde. De titel fan dizze revu is hiel Jousters: Keallepoaten, sturtklokken en oare kofje. Allinich foar Jousters? Nee hear, eltsenien is wolkom en is wis fan in moaie jûn as middei!
Aktuele saken
Revu de Jouwer bringt op 7, 8, 13 en 15 oktober 2022 yn elts gefal fiif foarstellingen en by genôch animo is der romte yn ‘t Haske foar mear. It skript mei eigen skreaune sketskes en lietteksten lei dus al eefkes klear, mar is yn de rin fan it ôfrûne jier oanfolt mei aktuele saken.
Sa as men went is, wurdt de muzyk, soms besteande meldijen mar ek eigen produksjes, ek dit jier wer live spile troch de revu-band ûnder lieding van Leon Smits. Smits hat de latte wer lekker heech lein, foar sowol de band as de sjongers en sjongeressen.
Thema
No eefkes werom nei it tema: Keallepoaten, sturtklokken en oare kofje. Dêr moatte de Jouster bakkers mei harren typische Jouster koeke in rol yn hawwe. Ek de klokmakkers fan de Jouwer komme oan bar en wat te tinken fan ús trots Douwe Pypke!
Mar de revu soe de revu net wêze as sy harren publyk ek net ris op in ferkearde foet sette en bygelyks de wurden hiel letterlik nimme. Dan komme jo út by in buorkerij en hat jo klok ynienen in sturt krigen of ha jo in sturt fan jo klok krigen. Da’s hiele oare kofje en dêrom drinke jo tee.
Jo kinne dus fan alles ferwachtsje. In oantal dingen binne wis: “bekende” pleatslike minsken komme foarby, sitewaasjes dy’t yn de Fryske Marren ôfspile ha wurde ûnder it fergrutglês lein, de regionale polityk wurdt kritysk besjoen, der is romte foar gefoel en der is ek hiel wat te laitsjen.
Entûsjast
Regisseur Anneke van den Akker is poer entûsjast foar de tredde kear mei har tredde revu oan de gong gien en hat fanôf augustus de revuploech mei nocht oan it spyljen krigen. Sy hat harren begelaat om de sketskes en lieten treffend del te setten. De hechte ploech is oanfolt mei ien debutant: in jongkeardel út Balk die’t nei de namme Glenn harket.
Dekôr útdaging
Wat it dekôr oanbelanget kin de ploech al jierren rekkenje op harren eigen dekôrploech. It wurdt hast in útdaging om wat te betinken wat harren hânnen net meitsje kinne: oant no ta slagget álles, en hoe! Dizze kear moast it in smûk lyts feestje wurde. En dat wurdt it! Jim sille jim fuortendaliks thús fiele yn de sfear weryn ‘t Haske yn oktober omtsjoend wurdt.
Kaarten
It âlderleafst sjogge de minsken van de revu jo fansels op freed 7 (20:00 oere), sneon 8 (14:30 en 20:00 oere), tongersdei 13 (20:00 oere) as sneon 15 oktober (20:00 oere) yn Party- en Zalencentrum ‘t Haske. Kaarten kostje € 12,50 (jûns, útsein tongersdeitejûn) of € 10,00 (sneontemiddeis en tongersdeitejûn) en binne te keap op www.revudejouwer.nl en by Tabakspeciaalzaak J.R. van Delden, Midstrjitte 63 op ‘e Jouwer. By alle foarstellingen is der in lotterij mei moaie prizen en nei ôfrin fan de jûnsfoarstellingen (útsein tongersdei 13 oktober) is der live muzyk.
Tekst Fokeline Papjes












