Algemeen

Slach by Warns stiet stil by betsjutting fan it Frysk

Door: Douwe Bijlsma

WARNS – De jierlikse betinking fan de Slach by Warns stiet op sneon 26 septimber yn it teken fan it tema ‘Frysk is mear as taal!’. De betinking begjint om 13.45 oere by it monumint ‘Leaver dea as slaef’ op it Reaklif by Warns. Elkenien is wolkom.

Rode klif bij Warna
Rode klif bij Warna foto aangeleverd

By de betinking fertelle ferskate sprekkers wat it Frysk foar harren betsjut en wêrom’t it mear is as allinnich in taal. Earste sprekker is deputearre Eke Folkerts út namme fan de BBB. Sy giet yn petear mei ûndernimmer Jenny Douwes, bekend as ‘blokkeerfries’ nei de autodykblokkade yn 2017.

It programma wurdt ôfwiksele mei optredens fan Jaap Louwes en Grymtosk. Dichters Arjan Hut en Joël Huitema soargje foar dichtwurk. Ek wurdt omtinken jûn oan it monumint en de reden wêrom’t de betinking noch alle jierren hâlden wurdt. Dit jier is der wer in fanfare by de betinking belutsen: in Mienskipsorkest fersoarget de muzyk en it sinjaal oan it begjin.

Panelpetear oer Frysk wêzen

Nei de betinking folget in twadde programmaûnderdiel, organisearre troch de Stifting Slach by Warns yn gearwurking mei De Fryske Beweging (DFB). Under lieding fan DFB-foarsitter Sjirk Eildert Bruinsma wurdt in paneldiskusje hâlden oer it tema ‘Frysk is mear as taal!’.

Yn it panel sitte ûnder oaren Jenny Douwes, Eke Folkerts, Liuwe H. Westra, Arjan Hut, Joël Huitema, René Oterdoom en Pieter de Zwart. Ek de Eastfryske Freya Pfanne hâldt in koarte ynlieding oer wat it Frysk wêzen foar har betsjut.

It offisjele programma duorret oant likernôch 16.30 oere.