Toanielselskip Sint Nyk wint Fryske taal- en kultuerpriis 2025
SINT NYK – Toanielselskip Sint Nyk hat de Fryske taal- en kultuerpriis 2025 fan De Fryske Marren wûn. De feriening kriget de priis foar har mear as 50-jierrige ynset foar it Frysk toaniel en de wichtige rol dy’t it selskip spilet yn de mienskip. De cheque waard útrikt yn in útferkocht Zalencentrum, by de foarstelling dy’t it selskip dit jier spilet: Chez Dolly Encore.

Sjueryrapport
Wethâlder Chris van Hes, Meindert Tjerkstra en de priiswinnares fan ferline jier, Janneke Warringa, foarmen dit jier de sjuery.
![]()
Fryske taal- en kultuerpriis foar Tonielselskip Sint Nyk - Foto Gewoan Dwaan / Douwe Bijlsma
“Toanielselskip Sint Nyk is al mear as fyftich jier in fêste wearde yn it kulturele libben fan De Fryske Marren. De feriening kiest konsekwint foar Frysk toaniel en berikt in breed publyk fan jong oant âld. Troch mei-inoar foarstellingen te meitsjen — fan spilers oant dekôrbouwers en frijwilligers — ûntstiet sterke ferbining yn de mienskip. Mei de produksje Do silst libje!!, oerset troch Roel van Nijen, hat it selskip sjen litten hoe’t taal, kultuer en skiednis inoar fersterkje kinne. Dêrom fertsjinnet Toanielselskip Sint Nyk de Fryske taal- en kultuerpriis 2025 fan De Fryske Marren.”
Stimulâns foar it Frysk
Mei de Fryske taal- en kultuerpriis wol de gemeente it brûken fan it Frysk stimulearje. De útrikking fan de priis is dêr in wichtich middel foar.












