Cultuur en uitgaan Ingezonden

Toanielselskip Sint Nyk spilet ‘Chez Dolly’ (encore)

SINT NYK – Toanielselskip Sint Nyk spilet dit jier op ’e nij de tragekomeedzje Chez Dolly ûnder de titel ‘encore’. It stik spilet him ôf yn de nachtklup Chez Dolly, dy’t laat wurdt troch Dolly en har man Frenk. De ea sa brûzjende klup sit lykwols yn swier waar: de besikers bliuwe wei en de finansjele problemen stapelje har op.

Afbeelding
Afbeelding aangeleverd

Is it de ‘net sa freonlike’ betsjinning? Binne de artysten net mear by steat om it publyk te fermeitsjen? Of hâldt Dolly wat oars achter? Yn de klup rint in kleurich selskip om fan eigenwize personaazjes, fol humor, yntriges, haat, niid, leafde, begryp en ûnbegryp. Elkenien liket sa drok mei syn eigen problemen, dat amper noch sjoen wurdt wat der écht op it spul stiet. De fraach bliuwt: slagget it Dolly om de klup – har lust en har libben – te rêden?

Chez Dolly is skreaun troch Jose Frehe en Rob van Vliet en is yn it Frysk oerset troch Gerda van der Wijk. De rezjy is yn hannen fan Sigrid Wijnja-Vellinga. It stik wurdt spile yn Zalencentrum Sint Nyk op 30 en 31 jannewaris, 6 en 7 febrewaris en 13 en 14 febrewaris. De doar giet iepen om 19.00 oere, de foarstelling begjint om 19.30 oere.

Kaarten kostje €15,- en binne te krijen fia www.toanielstnyk.nl of by Drogisterij De Magneet yn Sint Nyk. It publyk wurdt frege om, yn de sfear fan de klup, mei in ‘touch of red’ nei de foarstelling te kommen.