Cultuur en uitgaan

Toanielferiening Fuort Mar Los Easterein bestiet 40 jier

De útfieringen binne op freed 16 maart om 20:00 oere en sneon 17 maart om 20:00 oere yn de seal fan Restaurant Partycentrum Noflik Easterein, Sibadawei 2 te Easterein. Eltsenien is fan herte wolkom foar in noflike jûn. De tagong kostet € 7,50 (bern €3,-). Op sneon 17 maart is der ek noch in ferlotting mei moaie prizen en nei ôfrin is der in stik muzyk fan de band Hayfever. Mei in grut repertoire fan rock n roll en sixties muzyk wurd it gegarandeard feest! Mar dit is noch net alles… Ek de jongerein fan Easterein sil dit jier wer in stik del sette.

Afbeelding
Easterein- Toanielferiening Fuort Mar Los Easterein bestiet 40 jier! Dit fiere wy op sneon 17 Maart mei in pracht toanielfoarstelling mei in feestlik tintsje. Toanielferiening Fuort Mar Los Easterein spilet: LAMELOS. It is in blijspul skreaun troch Tjerk Kooistra, ynspirearre op de tillevyzje-searje ‘Loenatik’. Yn psychiatryske klinyk Lamelos wenje fiif pasjinten: de Majoar, Beppy, Fats, Dr. Doolittle en Mefrou de Haas. Wylst de direktrise har benammen dwaande hâldt mei jildsaken, soarget Suster Tialde der foar dat de pasjinten harren pillen krije en fersoarget de stazjêre de kreative terapy. Wannear’t de pasjinten te hearren krije dat Lamelos har doarren slute sil, komme se mei in lumineus plan.

It stik ‘Wat in heide, heite’ fan Roel Klompmaker is bewurke troch Theresia Zeinstra en wurdt yn Easterein spile ûnder de namme ‘Wat in greide, heite!’. It is in fleurich stik mei oandacht foar de natoer. De jongelju sille op in frijwilligerswurkkamp ta behâld fan de Fryske natoer. Se kampeare 14 dagen yn’e greide, dit is it moetingsplak, dêr’t wy mei harren yn’e kunde komme. It giet oer hoe’t in ferskaat oan jonge minsken funksjonearret yn sa’n fakânsjeploech. Yn in oantal sênes komt dit op boartlike wize yn syn earnst en humor oan’e oarder. In protte entûsjaste spilers sille der foar soargje dat jo in pracht jûn ha!

Kom op freed 23 maart om 19.30 oere yn de seal fan Restaurant Partycentrum Noflik Easterein, Sibadawei 2 te Easterein. Tagong bern: €3,- . Folwoeksenen: € 5,-.

Afbeelding