Doarpskrante Diggelfjoer fan Wommels wint priis bêste Frysktalige stik
De earste priis, in sjek mei in bedrach fan 300 euro, waard útrikt troch wethâlder Mirjam Bakker. De útrikking wie yn it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert. In symboalysk plak, om’t Japicx in soad foar de Fryske skriuwtaal betsjut hat.

Om’t de priisútrikking oer de bêste Frysktalige redaksjestikken giet, is it yn teory mooglik dat ien krante meardere prizen wint. Dat is dit jier it gefal: de dielde twadde priis (foar elk 200 euro) wie foar it stik ‘Aaisykje mei de drone op peaskesnein’, skreaun troch Joop Bootsma, redaksjelid by Diggelfjoer Wommels, en foar it stik ‘Einepykje fergetten...?’, skreaun troch Mariet Swart fan De Sylboade, moanneblêd fan Heech. De tredde priis (100 euro) wie foar it stik ‘Oantinkens oan ’e Alvestêdetocht’, skreaun troch Tryntsje fan der Meer; it stik stie yn Om ’e Ald Toer út Easterwierrum.
Ambassadeurs fan it Frysk
It is de fjirde kear dat de gemeente Súdwest-Fryslân de priisfraach foar it bêste Fryske redaksjestik yn ’e doarps-, wyk- en stedskranten útset hat. Yn totaal hat de gemeente sechstjin Frysktalige teksten krigen, fan sân doarpskranten. Wethâlder Mirjam Bakker: “Prachtich dat der it ôfrûne jier wer safolle moaie ferhalen ynstjoerd binne en dat der ek no wer nije dielnimmers binne. It is dúdlik dat it Frysk yn Súdwest-Fryslân libbet en mei dizze prizen kinne wy dat wer efkes yn it sintsje sette.” Foar dit jier wurdt de priisfraach ek wer útset.
De sjuery hat de ynstjoeringen beoardiele op lêsberens, aktualiteit, mar ek kreativiteit en fansels it brûken fan ’e Fryske taal. Sjueryfoarsitter Douwe Blom: “As sjuery wurde je alle kearen wer ferrast troch moaie ferhalen en observaasjes. Faak ferskûle yn stikjes dy’t mei wat opwriuwen glânzgje kinne. De priiswinners fan dit jier hawwe sjen litten dat hja de keunst fan it opwriuwen al knap master binne.” Njonken Blom, dy’t riedslid is foar de FNP yn Súdwest-Fryslân, bestie de sjuery út Jantine Weidenaar, sjoernalist by Omrop Fryslân, en Frysk skriuwer en dichter Arjan Hut.







